Springe nei ynhâld

Singelbrêge (Snits)

Ut Wikipedy

De Singelbrêge wie in brêge yn Snits út de tiid doe't de Singel (Snits) noch net ynfold wie. De brêge lei yn it ferlingde fan de Koarte Piipsteech. Dêrmei fungearre er as de tsjerkebrêge fan de Sint-Martinustsjerke.

De lêste brêge op dit stee, wie yn 1908 in Hogendijk-brêge. Yn 1955 is de brêge fuorthelle, doe't ek dit stik fan de Singel demme waard. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: