Jürgen Wagner

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jürgen Adolph Otto Paul Wagner (Straasburch, 9 septimber 1901 - Belgrado, 5 april 1947 wie in Dútsk militêr ûnder de Twadde Wrâldkriich.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jürgen Wagner wie de soan fan de Dútske generaal Ernst August Johann Wagner. Hy gong nei skoalle yn Wesel, Múnster en Erfurt, foar't er yn 1915 mei in militêre oplieding yn Naumburg begûn. Twa jier letter ferhuze er nei de haadkadetteskoalle fan Lichterfelde. Nei't er in skoftke Fahnenjunker by de Reichswehr west hie, kaam er 15 juny 1931 by de SS (SS-nûmer 23.692) en 1 novimber 1931 by de NSDAP (nûmer 707.270).

At de Twadde Wrâldoarloch útbrekt is er ofsier yn de stêf fan SS-Standarte Deutschland. Hy wie kommandant fan it SS-Panzergrenadier-Regiment 9 "Germania" fan 5. SS-Panzer-Division Wiking, dêr't er mei yn Joegoslavië en Ruslân focht. Op 24 july 1943 krige er it Ridderkrús.

Yn oktober 1943 waard Wagner kommandant fan de 4. SS-Freiwilligen-Panzergrenadierbrigade ‘Nederland’, dy't letter omdoopt waard yn 23. SS-Freiwilligen-Panzergrenadier-Division "Nederland"

By de Slach om Narva (yn Estlân) wie er kommandant fan de Brigade Nederlân.

Op 19 april 1944 waard Wagner befoardere ta SS-Brigadeführer und Generalmajor der Waffen-SS en wie die kommandant fan de 4. SS-Polizei-Panzergrenadier-Division. Nei de oarloch waard Wagner troch de Amerikanen oan Joegoslavië útlevere en waard er yn juny of augustus 1947 terjochtsteld foar oarlochsmisdieden yn 1941 dy't ûnder syn befel bard wiene.