Springe nei ynhâld

It's a Beautiful Day

Ut Wikipedy
It's a Beautiful Day
algemiene ynformaasje
artyst Queen
album Made in Heaven
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 6 novimber 1995
opnommen 1980 - 1994
doer 2:32 album,
3:01 reprise,
3:01 reprise,
4:00 B-kant Heaven for Everyone
label Parlophone
skriuwer John Deacon en Freddie Mercury
produsint Queen

It's a Beautiful Day is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn maaie 1980 by de opnamen fan it album The Game út 1980, mar waard pas útbrocht op Made in Heaven, it lêste album fan Queen út 1995. It's a Beautiful Day wie it earste nûmer op it album.

It's a Beautiful Day waard skreaun troch Freddie Mercury jierren foardat Mercury begûn mei it opnimmen fan solomateriaal, makke er yn 1980 in lûdsklip fan himsels, wylst er eksperimintearre op de piano yn de Musicland Studios yn München by de opnames fan The Game. Letter foar it brûken fan dit album, waard it nûmer ferlinge oant twa minuten en 32 sekonden. It mear klassike part, sûnder de ymprovisaasje fan Mercury, waard gearstald troch John Deacon.

Yn 2000 waard it nûmer brûkt foar in reklamespot fan it Seehûnekresj Piterbuorren. It wie oant dan ta noch net earder foarkaam dat Queen fergees in nûmer beskikber stelde foar in reklamespot.