Springe nei ynhâld

Isidoarus fan Milete

Ut Wikipedy
De Hagia Sophia.

Isidoarus fan Milete (Gryksk: Ισίδωρος ο Μιλήσιος, Isodoros o Militios) (berne 442 yn Milete, no yn Turkije; stoarn 537) wie in arsjitekt, fysikus en wiskundige út de lette âldheid.

Yn 'e mande mei Anthemios fan Tralles ûntwurp en boude er de tsjerke Hagia Sophia yn Konstantinopel (no Istanbûl) fanwege keizer Justianus I. Dat wie ien fan de meast wichtige en grutste tsjerken fan de lette âldheid.

Isidoarus joech ûnderjocht yn de natuerkunde yn Alexandrië en letter oan de Universiteit fan Konstantinopel. Hy skreau in kommentaar op it wurk fan Heron fan Alexandrië yn it Ald-Gryksk

Isidoarus syn neef Isidoarus fan Milete de Jongere, boude de koepel fan de Hagia Sophia, dy't op 7 maaie 558 ynstoarten wie, opnij op.