Ingrid Andress (Southfield (Michigan), 21 septimber 1991) is in Amerikaansk sjongster fan countrymuzyk.
Andress waard yn 1991 berne yn Southfield, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, mar groeide op yn Highlands Ranch, yn Kolorado. As bern learde se pianospyljen en drummen, wylst se op skoalle lid wie fan it skoalkoar, wêrmei't se dielnaam oan ferskate sangwedstriden. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, learde se fierder oan it Berklee Kolleezje foar Muzyk, dêr't se ôfstudearre mei as haadfakken sjongen en songwriting.
As ien fan de oprjochters fan 'e a kappella-groep Pitch Slapped naam Andress yn har studintetiid diel oan 'e talintejacht The Sing-Off, op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC. In oare band dêr't se lid fan wie, Delilah, die oan itselde tillefyzjeprogramma mei en einige op it sechsde plak. Nei't se ôfstudearre wie, waard Andress yn in mentorskipsrelaasje begelaat troch skriuwster fan poplieten Kara DioGuardi. Letter ferfear se nei Nashville, yn Tennessee, dat it sintrum fan de countrymuzyk is. Dêr skreau se lieten foar artysten as Sam Hunt, Alicia Keyes en Charli XCX.
Mids 2018 sleat Andress in kontrakt mei platemaatskippij Warner Nashville, wêrnei't se yn 2019 debutearre mei de single More Hearts Than Mine. Dat liet behelle it 56e plak op 'e Amerikaanske Billboard Hot 100-hitlist, it 10e plak op 'e Hot Country Songs-hitlist en it 8e plak op 'e Country Airplay-hitlist. Yn Kanada brocht it liet it ta it 12e plak op 'e countryhitlist. Andress neamde Faith Hill en de Dixie Chicks as har wichtichste muzikale ynspiraasjeboarnen. Se waard yn 2019 nominearre foar in Academy of Country Music Award yn de kategory bêste nije froulike artyst, en brocht datselde jiers noch in extended play út mei as titel The Rosebank Acoustic Sessions. Yn 2020 ferskynde har earste studio-album, Lady Like.
- Studio-albums
jier
|
titel
|
prizen en nominaasjes
|
resultaat
|
2020
|
Lady Like
|
|
|
- EP's
jier
|
titel
|
prizen en nominaasjes
|
resultaat
|
2019
|
The Rosebank Acoustic Sessions
|
|
|
jier
|
priis
|
resultaat
|
kategory
|
foar it nûmer/album
|
2019
|
ACM Award
|
nominearre
|
nije froulik artyst fan it jier
|
n.f.t.
|