Indian River Reservaat

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Indian River Reservaat
Indian River Reserve
polityk
haadplak — (ûnbewenne)
stamme Flagge fan de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje.PNG Tsjippewa's fan Rama
Flagge fan de Wahta Mohôks.PNG Wahta Mohôks
lân Flag of Canada.svg Kanada
provinsje Flag of Ontario.svg Ontario
distrikt Muskoka
sifers
ynwenners 0 (ûnbewenne)
oerflak 0,01 km²
bef.tichth. n.f.t.
oar
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside gjint
De lokaasje fan it Indian River Reservaat yn 'e provinsje Ontario.

It Indian River Reservaat (Ingelsk: Indian River Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, deunby it doarp Port Carling. It leit oan 'e iggen fan 'e rivier de Indian River en fan 'e Rosseau-mar en wurdt omjûn troch it grûngebiet fan 'e gemeente Muskoka Lakes.

It Indian River Reservaat hat in oerflak fan persiis 1 ha, en leit binnen de grinzen fan it distrikt Muskoka, hoewol't it dêr bestjoerlik fierhinne los fan stiet. It reservaat hat gjin permaninte bewenners, en wurdt dield troch twa Yndiaanske stamme-organisaasjes, te witten: de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje, wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) besteane, en de Wahta Mohôks, wêrfan't de leden etnyske Mohôk (Mohawk) binne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Profyl fan it Indian River Reservaat op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.