Springe nei ynhâld

Indian River (Muskoka)

Ut Wikipedy
Indian River
In steamskip op 'e Indian River (ansichtkaart út 1910).
In steamskip op 'e Indian River (ansichtkaart út 1910).
geografy
lân Kanada
provinsje Ontario
ûntspringt yn Rosseau-mar
mûnet út yn Muskoka-mar
lokaasje mûning Hanna Point
sifers
hichte boarne 228 m
hichte mûning 226 m
ferfal 2 m

De Indian River of Yndiaanske Rivier is in rivier yn 'e gemeente Muskoka Lakes fan it distrikt Muskoka, dat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario leit. De rivier makket ûnderdiel út fan it stelsel fan oerflaktewetters fan 'e Grutte Marren, en ferbynt de Rosseau-mar (streamop) mei de Muskoka-mar (streamôf).

De lokaasje fan 'e Indian River yn 'e provinsje Ontario.

De Indian River floeit ta de Rosseau-mar út by de Port Carling-keardaam fan Port Carling. Dêrnei streamt er troch it Forman-nau (Forman Narrows) en it lytse Mirror Lake, om úteinlik te Hanna Point út te mûnjen yn 'e Muskoka-mar. De rivier waard befarber makke troch de bou fan 'e Port Carling-keardaam en de oanlis fan in stelsel fan slûzen yn 1871. Dêrtroch koene steamskippen tusken de beide marren hinne en wer farre, wat wer de ûntjouwing fan rekreaasjefasiliteiten 'e omkriten fan 'e rivier befoardere, benammen oan 'e iggen fan 'e Rosseau-mar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.