Springe nei ynhâld

In Liet foar Simeon

Ut Wikipedy
In Liet foar Simeon
algemiene gegevens
oarspr. titel A Song for Simeon
auteur T.S. Eliot
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
1e publikaasje 1928, Londen
oarspr. útjwr. Faber & Gwyer
bondel Ariel Poems
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Liet foar Simeon
publikaasje 1991, yn HJIR
oersetter Jabik Veenbaas

In Liet foar Simeon, yn it oarspronklike Ingelsk: A Song for Simeon, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It is ien fan Eliot syn fersen wêryn't er útdrukking joech oan syn kristlik leauwe. Hy skreau In Liet foar Simeon yn 1928 en publisearre it noch datselde jiers as ûnderdiel fan 'e Ariel Poems. It gedicht waard yn 1991 oerset nei it Frysk, troch Jabik Veenbaas.

Yn In Liet foar Simeon brûkte Eliot syn leauwe as sintraal ûnderwerp. De Simeön út 'e titel is de fromme âldman dy't neamd wurdt yn Lukas 2:25-35, dy't in lofsang útspriek doe't er de poppe Jezus mei eigen eagen yn 'e Timpel fan Jeruzalim seach. Oan 'e ien kant liket In Liet foar Simeon de tinzen fan Simeon sels te ferwurdzjen, mei't er neffens Lukas 25 "de fertreasting fan Israel ferwachte." In selde soarte hope sprekt ek út it gedicht. De sprekker is op jierren en krebintich, "tachtich jier en sûnder moarn", en hat lang wachte oant er "de ferlossing" oanskôge hat. No kin er rêstich stjerre: "Lit Jo tsjinner ôfsette."

Oan 'e oare kant identifisearret Eliot himsels mei de ferteller, dy't ek ien fan 'e wichtichste tema's fan it modernisme útdrukt, nammentlik de ferfrjemding fan in wrâld dy't feroare is en de desyllúzjes oangeande de ûnbehearskbere takomst. In elk is bang om te stjerren en hopet op it ien of oar nei de dea, mar nimmen wit wat him wachtet. Dêr kin men jin inkeld by dellizze. Noch kin men witte wat jins neibesteanden nei jins dea oerkomme sil. Yn it gedicht freget de sprekker him ôf: "wêr sille myn bernsbern keare? / As de tiid fan fertriet wer komt?"

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Song for Simeon waard ûnder titel In Liet foar Simeon yn it Frysk oerset troch Jabik Veenbaas, dy't dy fertaling yn 1991 publisearre yn it maartnûmer fan it tydskrift HJIR, yn 'e mande mei de orizjinele Ingelske tekst fan it gedicht, en in Nederlânske oersetting troch Gabriël Smit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eliot, T.S., A Song for Simeon, yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 29.
  • Eliot, T.S., In Liet foar Simeon (oers. Jabik Veenbaas), yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 31-32.
  • Eliot, T.S., Een Lied voor Simeon (oers. Gabriël Smit), yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 30.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.