Ilse Warringa

Ut Wikipedy
Ilse Warringa
akteur
Ilse Warringa (2018)
Ilse Warringa (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 juny 1975
berteplak Dalfsen
jierren aktyf 1998-no

Ilse Warringa (Dalfsen, 1 juny 1975) is in Nederlânske aktrise en stimaktrise.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warringa folge in sang- en keunstnersoplieding oan de ArtEZ hegeskoalle foar de keunsten yn Swol, dêr't hja yn 1998 ôfstudearre. It toanielselskip Stella Den Haag wie ien fan de earste dêr't hja yn spile. Yn 2004 rjochte se mei Lies Visschedijk en Marije Gubbels de toanielgroep Bloody Mary op. Dêr makke se ferskate foarstellingen mei, lykas Visnijd (2006), Hol (2008), Fok (2009), Broeders en zusters (2011), Schraap (2012), Paren (2014) en Selma & Louise (2015) grûnfêste op Thelma & Louise.

Yn tsjinst fan de NTR die se fan 2005 ôf oan mei oan Het Klokhuis en de rige koartswilige edukative telefyzjesearjes Welkom in de Gouden Eeuw, Welkom in de IJzeren Eeuw, Welkom bij de Romeinen en Welkom in de jaren 60.[1]

Yn 2006 sette se út ein as stimaktrise mei de animaasjesearje Winx Club fan Nickelodeon. Teffens spile se yn ferskate telefyzjeprogrammas, ûnder oare yn Budget TV, Mag ik u kussen? en De Grote Improvisatieshow.

Yn 2018 spile Warringa de haadrol Juffrou Ank yn de NPO 3-komedysearje De Luizenmoeder, dy't hja tegearre mei Diederik Ebbinge skreau. Yn augustus fan dat jier hie se in gastrol yn De Film fan Dylan Haegens. Fan 2018 ôf is Warringa te sjen yn it persiflaazjeprogramma De TV Kantine.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzjerigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzjereklame[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999: Ontz
  • 1999: De passie van Lucas
  • 1999: Joris en de draak
  • 2000: No Milk Today
  • 2001: Feest!
  • 2002: Paardenbrokken
  • 2002: Het jaar van de haas
  • 2003: Assepoes
  • 2005: Minority-people
  • 2005: Waarom vloog je van ons heen in je jetplane?
  • 2005: Maison Belge
  • 2005: De nieuwen
  • 2006: De hik op zaterdag
  • 2006: Visnijd
  • 2007: De hompelaar
  • 2007: In de nesten
  • 2008: Hol
  • 2008: Geen bijen geen fruit
  • 2008: De koning en de rest
  • 2009: Fok
  • 2010: Shaffy voor kinderen
  • 2010: Nest
  • 2010: A Christmas Carol
  • 2011: De grote improvisatie show (mei Tijl Beckand en Ruben van der Meer)
  • 2011: Broeders en zusters
  • 2012: Een engel met vieze voeten
  • 2012: Schraap
  • 2013: Nest, tafel en bed
  • 2013: Vuil water
  • 2013: Tijl Uilenspiegel
  • 2013: De postbode en de engel
  • 2014: Paren
  • 2014: Sissi
  • 2015: Selma & Louise
  • 2015: Paartjes (mei Niek Barendsen)
  • 2016: Mariken
  • 2016: Popje hou je muil
  • 2019: Single Camping (mei û.o. Tjitske Reidinga en Rop Verheijen)
  • 2019: The Christmas Show: Doornroosje en de Kerstprins (mei û.o. Famke Louise en Buddy Vedder)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. LinkedIn (deade kepp.)