Ikaryske See
Ikaryske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken de Sykladen en it Turkske fêstelân yn | |
lân | Grikelân Turkije | |
koördinaten | 37°30′N 26°20′E | |
ûnderdiel fan | Egeyske See |
De Ikaryske See (Gryksk: Ικάριο Πέλαγος, Ikario Pelagos), is dat part fan 'e Egeyske See (en fan 'e Middellânske See), dat tusken de Grykske eilannegroep fan 'e Sykladen en it Turkske fêstelân yn leit. It wurdt begrinzge troch it eilân Chios yn it noarden, de eastlike Sykladen yn it westen, en Lyts-Aazje yn it easten. Yn 'e Ikaryske See lizze de Grykske eilannen Samos, Kos, Patmos, Leros, Fournoi Korseon en Ikaria.
De Ikaryske See is it plak dêr't neffens de Grykske mytology Ikarus yn see stoarte en ferdronk, nei't er mei syn heit Dedalus op waaksene wjukken fan Kreta ûntsnapt wie, mar te ticht by de sinne fleach, sadat syn wjukken raanden. It eilân Ikaria is nei Ikarus neamd; de Ikaryske See ûntlient syn namme itsij oan Ikaria, itsij oan Ikarus.