Springe nei ynhâld

Iepenloftskoalle

Ut Wikipedy
Jan Duiker; Openluchtschool voor het gezonde kind, Amsterdam, 1930

In Iepenloftskoalle of Bûtenskoalle (Ingelsk: Open-air school, Frânsk: École de plein air, Dútsk: Freiluftschule) is in skoalle dêr't it lesjaan safolle mooglik yn de iepenloft bart. Soks kin bygelyks troch les te jaan bûten in gebou of yn in gebou dêr't de wanden of ruten fan folslein fuorthelle of iepene wurde kinne.
It wie in skoalle foar syklike en swakke bern, bygelyks bern mei tuberkuloaze.

De bern krigen in diel fan de dei les bûten. Fierders waard in soad omtinken jûn oan fentilaasje en loftferfrissing. De skoalle hie sa'n 100 bern, ferdield oer 6 leargroepen. In tredde part hie somatyske swierrichheden en twa tredde psychyske. Yn Nederlân waard de earste iepenloftskoalle, de Earste Nederlânske Bûtenskoalle, yn 1913 stichte yn Den Haach. Dêrop folgen oare, ûnder mear yn Rotterdam, Amsterdam, Arnhem en Breda. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden in soad skoallen boud mei omtinken foar geunstige hygiënyske omstannichheden yn it gebou, troch grutte glêsflakken, twasidige fentilaasjemooglikheden yn de leslokalen en bûtenlesplakken. Dy foarsjennings wiene ôfsjoen fan de foaroarlochske iepenloftskoalgebouwen. Yn Fryslân bestiene earder yn Ljouwert en Riis skoallen fan dit soarte.

Yn de earste helte fan de 20e iuw wiene yn in protte ûntwikkele lannen soksoarte skoallen. Ek binne der iepenloftskoallen foar sûne bern stifte, sa as de Earste Iepenloftskoalle foar it Sûne Bern (Eerste Openluchtschool voor het Gezonde Kind) yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: