Springe nei ynhâld

Ielaak

Ut Wikipedy
Ielaak Korneliske Ykes II

In ielaak is in aak dy't spesjaal ûntwikkele wie om op see te farren. It hie iepen beunen, dêr't 20.000 pûn libbene iel yn koe. Ut Heech wei fearen in soad ielaken op Londen yn Ingelân. De trije bemanningsleden ferkochten dêr de iel. Yn de maitiid waard der mei nei de lannen oan de Eastsee fearn om dêr by pleatslike fiskers en hannelslju iel op te heljen. In Heech en De Gaastmar waard de iel sortearre en yn grutte kearen yn libben hâlden.