Springe nei ynhâld

Idstein

Ut Wikipedy
Idstein
Kastiel fan Idstein mei heksetoer.
Kastiel fan Idstein mei heksetoer.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Stedsyndieling 12 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 25.709 ( (31.12.2023)[1]
Oerflak 79,76 km²
Befolkingsticht. 322 ynw./km²
Hichte 366 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 65510
Koördinaten 50° 13' N 8° 16' E
Offisjele webside
www.idstein.de
Kaart
Idstein (Hessen)
Idstein

Idstein is in stêd yn 'e súdhessyske Rheingau-Taunus-Kreis, Dútslân. De stêd leit yn 'e Taunus, noardlik fan Wiesbaden.

De Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Europa ferliende Idstein yn novimber 2015 de earetitel "Reformaasjestêd fan Europa". Sûnt oktober 2016 draacht de stêd de tafoege namme "Hegeskoallestêd".

Idstein besit sûnt 1287 stedsrjochten. Njonken de Heksentoer by it âlde kastiel fan Nassau hat de stêd in midsiuwske binnenstêd mei in soad fakwurkhûzen. It âldste wenhûs datearret út 1410.

Wreed wiene de 17e-iuwske hekseprosessen yn Idstein ûnder de greve Jehannes fan Nassau en Idstein (1603-1677). De prosessen waarden foar in part op de boarch fan Wiesbaden organisearre en einigen by it ferstjerren fan 'e greve. By it úthearren fan de fertochte minsken waard martele en elts ferhoar levere nije fertochten op. De slachtoffers kamen út Idstein, Heftrich, Wehen en Wiesbaden. Tusken 3 febrewaris 1676 en 31 maaie 1677 waarden yn Idstein 39 persoanen terjochtsteld (31 foulju en 8 manlju).

Riedshûs fan Idstein.

Sûnt de hjerst fan 1806 makke Idstein diel út fan it hartochdom Nassau, dat yn 1866 troch Prusen anneksearre waard. Fan 'e ein fan 'e 18e iuw oant de midden fan 'e 20e iuw wie Idstein in wichtich sintrum fan 'e learyndustry. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wurken in soad twangarbeiders yn dy learfabriken. Nei in oerstreaming waard de grutste fabryk yn it sintrum fan 'e stêd yn 1959 sletten. Op it plak fan dy fabryk leit hjoed-de-dei it Löherplatz mei winkels en apparteminten.

De Kalmenhof, in ynstitút dat oprjochte wie om beheinde bern yn 'e sûne Taunus-loft in bettere takomst te jaan, waard yn it ramt fan Aktion T4 troch de nazy's brûkt as sammelsintrum foar it Eutanasysintrum Hadamar. Nei de protesten fan 'e Dútske tsjerken beëinigen de nazy's it fergassen yn Hadamar en waard der yn it ramt fan Aktion Brandt yn it geheim fierder moarde, troch pasjinten mei medikaasje te fergiftigjen. Oant hjoeddedei is in krekt tal slachtoffers ûnbekend, mar rûsd wurdt dat der yn Idstein tusken 600 en 1000 pasjinten fermoarde binne. Yn it haadgebou is in monumint mei de nammen fan slachtoffers en in lytse útstalling. Foar de 20 joadske ynwenners fan Idstein dy't yn de Twadde Wrâldkriich deportearre waarden binne sûnt 2014 stroffelstiennen lein.

Oant 1977 hearde Idstein ta de Untertaunuskreis (Kreisstêd Bad Schwalbach), dy't yn it ramt fan de Hessyske weryndieling mei de Rheingaukreis ta de Rheingau-Taunus-Kreis gearfoege waard. Mei likernôch 28.000 (2023) ynwenners is Idstein de op ien nei grutste stêd yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis.

Njonken Idstein bestiet de stêd út alve oare stedsdielen:

Stedsdiel Ynwennertal (30 juny 2024)[2]
Idstein 17.648
Dasbach 322
Ehrenbach 303
Eschenhahn 727
Heftrich 1.574
Kröftel 575
Lenzhahn 249
Niederauroff 387
Nieder-Oberrod 539
Oberauroff 341
Walsdorf 1.449
Wörsdorf 3.715
Meiïnoar 27.829

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slot fan Idstein.

Idstein is tradisjoneel in protestantske stêd. De Unytsjerke is yn 'e midden fan 'e 14e iuw boud en hat in ienfâldich eksterieur. Dêrfoaroer is it ynterieur fan 'e Unytsjerke tige ryk fersierd. Troch de flechtlingen ûntstie der nei de Twadde Wrâldkriich in grutte katolike minderheid. Dêrom waard yn 1965 yn it plak fan de neogoatyske Magdalenatsjerke in gruttere, oan Sint-Marten wijde tsjerke boud. De doarpen fan de gemeente hawwe hast allegear allinne in protestantske tsjerke. Allinne yn it gruttere Wörsdorf stiet noch in moderne katolike tsjerke.

De 42 meter hege Heksetoer mei 3 meter dikke muorren is it âldste bouwurk fan Idstein. Dendrogronologysk ûndersyk hat útwiisd dat de bou fan 'e toer yn 1170 útein sette. De âlde boarch waard tusken 1497 en 1588 boud en ferlear yn 'e 17e iuw syn ferdigeningsfunskje.

Tichteby op in rotsplato stiet de yn 'e jierren 1614-1634 yn renêssânsestyl boude residinsje foar de foarsten fan Nassau-Idstein.

Yn it histoaryske sintrum steane op ferskillende plakken 17e en 18e iuwske fakwurkhûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.