Springe nei ynhâld

Hoyte Uninga fan Hoytema

Ut Wikipedy

Hoyte Uninga fan Hoytema (1528 - ferstoarn Grins, 1581) wie grytman fan Haskerlân.

Hoyte wie in soan fan Douwe Hoytes Uninga fan Hoytema en Doedt Goffes fan Sjaerda. Yn 1559 hearde hy ta de folmachten út de steaten fan it Fryske plattelân dy't út namme fan harren kommittanten ferklearren dat se net tastean soene dat der in kommisje beneamd waard om mei de kening oer lânsoangelegenheden yn Gint te sprekken. Soks waard sjoen as stridich mei de privileezjes fan de gewesten. Mar úteinlik, neidat it hof der fjouwer kear om frege hie, en neidat de folmachten fan de stêden harren tastimming jûn hiene, mochten se ûnder akte de 'non prejudicio' tastinmme. Fan Hoytema wie op dat stuit grytman fan Hasker Fiifgea. Yn itselde jier tekene hy wer as folmacht fan it plattelân it rekwest tsjin kettermaster Lindanus oer it ferbrekken fan de privileezjes fan it lân. Fan Hoytema waard yn 1568 troch Alva ferbanne en flechte hy nei it bûtenlân. Hy skynt him lykwols ferantwurde te hawwen, want yn 1573 wurdt hy wer neamd as grytman fan Hasker Fiifgea yn in brief fan Caspar de Robles. Dêryn wurdt hy hjitten om it gearboskjen fan de oproerlingen te Joure mei krêft oan te pakken. Fan doe ôf skynde er him oan de Spaanske side holden te hawwen, want hy wurdt neamd ûnder de ôfsettenen en bannelingen troch de steatsen.

Yn 1580 moat er wer flechtsje út De Jouwer en giet dan yn ballingskip. Op 31 maart 1580 besleaten de Steaten fan Fryslân dat preesters en oare geastliken gjin katolike seremoanjes útfiere mochten. It tsjerklik goed moast brûkt wurde foar de grifformearde dûmnys en skoalmasters en foar de earmen. Yn 1581 waard troch de Fryske steaten beslach lein op syn goed en waard opdracht jûn om syn Hoytemastins op De Jouwer te slopen. De Hoytemastins waard ôfbrutsen om te foarkommen dat Spanjerts it as útfalsbasis brûke soen. De terreinen bleaune lykwols eigendom fan de famylje Uninga fan Hoytema. Op it terrein fan de stins waard yn 1589 in skâns opsmiten. Dêrbinnen waard yn 1625 de Heremastate boud.[1] Hoyte Uninga fan Hoytema ferstoar yn 1581 yn Grins en waard dêr begroeven yn Der Aa-tsjerke.

Hoyte wiet troud mei Wick fan Gerbranda, dochter fan Johan fan Gerbranda Roorda en Tiets Tjepckesdr fan Goslinga. Se giet nei de dea fan Hoyte mei har soan nei Emden, dêr't se beide yn 1582 ferstoaren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: