Hoitemastins
Appearance
(Trochferwiisd fan Hoytemastins)
De Hoitemastins wie in eardere stins op De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren.
De stins wurdt foar it earst neamd as hy yn besit is fan Tyepka Onema, om 1580 hinne wie Hoyte Uninga fan Hoytema de eigener, de Spaanskgesinde grytman fan Haskerlân. Yn 1581 waard syn stienhûs ôfbrutsen om te foarkommen dat de Spanjerts it as útfalsbasis brûke soenen. Op it âlde stee waard yn 1589 in skâns boud. Dêrbinnen waard letter de Heremastate boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |