Springe nei ynhâld

Hotel Tjaarda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hotel Tsjaarda)

Hotel Tjaarda is in hotel yn It Oranjewâld. It stiet op de krusing Krukmansleane en Tjeerd Rosleane. Earder hiet it Heidewoud, nei de spjirrebosk dêr tichtby.

It loazjemint Heidewoud waard yn 1834 setten litten troch Johannes Heinrich Meier, de eardere túnman fan it hûs "Oranjewoud" fan de famylje De Blocq van Scheltinga-Bienema. Meier hie in tal attraksjes by Heidewoud, lykas in koepel mei goudfisken en in boarterstún.

Yn 1877 waard Heidewoud ferkocht oan Jan Tsaarda út Weidum, dy't it yn 1910 fermakke oan syn neef Willem Andreas Tjaarda (1882-1981). Yn 1918 en 1930 waard it loazjemint útwreide.
Willem hie op syn bûtenlânske reizen wat attraksjes sjoen dy't hy ek by Heidewoud tapaste: in teetún en in grut doalhôf fan haachbûken. Wa't it doalhôf goed trochrûn kaam by in laitskabinet fan laitsspegels. Yn 1917 waard op de "Berch fan Brongergea", tsjinoer Klemburch in útsjochtoer boud. Yn 1924 bliek dy ûnbetrouber. Dêrom waard op itselde stee in betonnen belvedêre boud fan 30 meter heech. By de tagong ta de Belvedêre wie in grot mei in soad stobben derfoar.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Heidewoud Hotel Tjaarda neamd. Yn de jierren '70 fan de 20e iuw kaam der in teeskinkerij by, de saneamde Oranjery. Mei de Peaskedagen wie der de jierlikse merk. De boarterstún waard doe in stik lytser en de kettingbrêge en de waggelkeamer ferdwûnen.
Yn de njoggentiger jierren waard hotel Tjaarda in hiel stik fergrutte en nijboud.

  • R. Mulder Radetzky en B. de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud (1989)