Horatius Albarda
Horatius Albarda (Ljouwert, 28 febrewaris 1904 - Switserlân, 17 maaie 1965) wie in Nederlânsk sakeman. Fan 1963 oant 1965 wie er presidint-direkteur fan de Keninklike Loftfeart Maatskippij (KLM).
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albarda studearre rjochten oan de Universiteit fan Leien en promovearre yn 1933. Yn 1932 waard er amtner by it Ministearje fan Finânsjen. As waarnimmend tesauriër-generaal gie er neijier 1940 by dat ministearje wei en kaam er yn tsjinst fan it bankierskantoar Heldring en Pierson. Nei de befrijding hat er in healjier sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Finânsjen west. Yn 1946 waard er direkteur fan de Nederlandsche Handel-Maatschappij en lid fan de ried fan bestjoer fan de KLM. Op 27 juny 1963 folge er Ernst van der Beugel op as presidint-direkteur fan de KLM. Albarda hie teffens ferskate funksjes yn de Nederlânske hannel en yndustry. Hy wie lid fan de kommisje-Hirschfeld dy't it regear rie joech oer it Marshallplan. Hy wie Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Horatius Albarda stoar yn in fleantúchûngemak yn Switserlân. Ek syn frou, Johanna Charlotte van Poelvoorde, ferlear dêrby it libben.