Springe nei ynhâld

Hippolytus (toanielstik)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hippolytos)
Hippolytus
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἱππόλυτος
auteur Euripides
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 428 f.Kr.
1e opfiering 428 f.Kr., Atene

Hippolytus, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἱππόλυτος, Hippolytos (ek wol transliterearre as Hippólutos), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides480406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't basearre is op 'e myte oer Hippolytus, de soan Teseus, de kening fan Atene. It stik wûn yn 428 f.Kr. de earste priis by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus. Yn 2005 waard der in fragmint fan oerset yn it Frysk troch Klaas Bruinsma.

It toanielstik spilet yn Troezen, in havenstêd oan 'e noardeastlike kust fan 'e Peloponnesos, dêr't Teseus, de kening fan Atene, frijwillich in jier yn ballingskip trochbringt om boete te dwaan foar syn moard op in pleatslike kening en dy syn soannen. Teseus syn oerwûne soan Hippolytus (waans mem oft de amazône Hippolyta wie) wurdt dêr al fan bern ôf oan grutbrocht oan it hof fan Pittéus, de kening fan Troezen. Hippolytus, dy't no ûnderwilens de folwoeksenens berikt hat, is lykwols in ferearder fan Artemis wurden, de keine goadinne fan 'e jacht, en hat sadwaande sels ek in eed fan selibatêrens ôflein. Sterker noch, hy lit geregeldwei iepentlik syn minachting foar froulju en de leafde blike. Dêrmei is er de leafdesgoadinne Afrodite op it sear kommen, dy't in wraaksuchtich plan tsjin him yn wurking set hat.

It jiers tefoaren, doe't Hippolytus syn heit yn Atene besocht, is nammentlik syn heite frou en Hippolytus syn styfmem Fedra troch Afrodite har yngripen fereale op him wurden. No is Fedra net rjocht halich en wol se ek net mear ite. As har minne der by har op oan stiet om te sizzen wat der oan is, jout se úteinlik ta dat se fereale rekke is op har styfsoan. Se leit út dat se harsels deahongerje moat om mei har eare yntakt út it libben te skieden. De minne, dy't earst skokt is troch de bekentenis, makket Fedra dan wiis dat se in magysk medisyn hat tsjin ferealens; mar oan it publyk makket se dúdlik dat se hiel wat oars fan doel is.

De minne bringt oan Hippolytus út dat Fedra him begearet, mar pas as er in eed sward hat dat er nimmen deroer fertelle sil. Hippolytus reägearret mei in poerrazene misogyne tirade oer hoe aaklik oft froulju wol net binne. As Fedra ûntdekt dat har geheim útbrocht is, mient se dat se ruïnearre is. Nei't se it koar, dat út 'e jonge froulju fan Troezen bestiet, in eed fan geheimhâlding ôftwongen hat, giet se yn 'e hûs en makket se harsels fan kant.

Hippolytus, troch de fan oarsprong Fryske keunstskilder sir Lawrence Alma-Tadema.

Dan komt Teseus thús en fynt dy it lyk fan syn frou. Om't se in eed fan geheimhâlding sward hawwe, kin it koar Teseus neat oer de dea fan syn frou fertelle, mar Teseus ûntdekt tusken har klean in brief wêryn't Fedra úthâldt troch Hippolytus ferkrêfte te wêzen. Alhiel breinroer ferflokt Teseus dêrop syn soan, en ropt syn heit, de seegod Poseidon, oan om 'e flok ta útfiering te bringen. As Hippolytus der neitiid yn komt, hâldt er út dat er ûnskuldich is, mar hy kin net útlizze hoe't it yn it echt sit, om't er bûn is oan syn eed fan geheimhâlding. Teseus ferballet syn soan op grûn fan 'e ynhâld fan it brief, dat er foar wier oannimt.

Koarte tiid letter komt in boadskipper op dy't oer it lot fan Hippolytus ferhellet: doe't er Troezen ridend oer it strân yn syn striidwein ferliet, kaam der ynienen út 'e weagen wei in bolle oanrazen. De kjel wurden hynders giene op 'e rin en de striidwein sloech oan gruzeleminten op 'e rotsen, wylst Hippolytus sels in hiel ein meisleept waard en no op stjerren leit. Teseus is dêr net rouwich om, oant Artemis oan him ferskynt en him útleit dat syn soan ûnskuldich wie en dat it Fedra wie dy't liigde. Hoewol't de goadinne Teseus beskrobbet foar syn ferflokking fan Hippolytus, jout se ta dat de wiere skuldige yn dizzen Afrodite is. Se ûnthjit dat se wraak nimme sil op Afrodite troch de folgjende persoan te straffen op wa't Afrodite fereale wurdt. Hippolytus en Teseus wurde mei-inoar fermoedsoene, en it stik einiget as Hippolytus stjert.

Euripides behannele de myte fan Hippolytus foar it earst yn it ferlern giene stik Hippolytus yn Momkape (Ἱππόλυτος Καλυπτόμενος, Hippolytos Kalyptomenos). Saakkundigen binne suver unanym fan tinken dat dat stik in skamteleas gleie Fedra portrettearre, dy't Hippolytus, ta ôfgriis fan it publyk, planút in ûnearber foarstel die. It falen fan dit earste stik makke dat Euripides it nochris mei deselde ferhaalstof besocht yn Hippolytus Dy't de Kroan Draacht (Ἱππόλυτος Στεφανοφόρος, Hippolytos Stefanoforos). Dizze oarspronklike titel, dy't in ferwizing is nei de blommekrâns dy't Hippolytus as in ferearder fan 'e goadinne Artemis draacht, wurdt hjoed de dei sa goed as altyd ferkoarte ta Hippolytus, mei't dit it iennichste stik mei dy namme fan Euripides is dat oerlevere is.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 sette klassyk oersetter Klaas Bruinsma, û.m. bekend fan syn Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee, de fjirde stasimon fan Hippolytus yn it Frysk oer. Dat is in koarliet, dat er de titel De Macht fan Afrodite en Eros Rikt Fier joech. Dizze oersetting is nea útjûn, mar Tresoar hat him op 'e noed, en hy kin dêr opfrege wurde ûnder oanfraachnû. Knipselmap Bruinsma, Klaas/read.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Euripides, Hippólutos: Fjirde Stasimon: De Macht fan Afrodite en Eros Rikt Fier (oers. Klaas Bruinsma), Drachten, 2005, Tresoar oanfraachnû. Knipselmap Bruinsma, Klaas/read.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.