Himalayareadsturtsje
Himalayareadsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus frontalis | ||||||||||||
Vigors, 1831 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It Himalayareadsturtsje (Phoenicurus frontalis) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 15 oant 16 sm grutte mantsje hat in blauwe kop en rêch, in oranjebrune boarst en búk en brúngrize wjukken. De fûgel hat in oranjebrune sturt mei swarte sintrale sturtfearren. It swart waaiert oan 'e ein fan 'e sturt ek út nei de oare sturtfearren. Bûten de briedtiid is it mantsje ienfâldiger en fealer fan kleur.
It wyfke is brúngriis mei oranjebrún op 'e stút en fan ûnder wat bleker.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt fan it uterste noardeasten fan Afganistan oer de Himalaya nei it easten oant Sintraal- en Súd-Sina. De populaasjes oerwinterje yn it gebiet dat súd oan it Himalayaberchtme en it Sineeske briedgebiet grinzget, yn Bangladesj, dielen fan Birma oant it uterste noarden fan Laos, Fjetnam en Tailân.
De soarte wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten binne, mar genetyske stúdzjes wize grutte ferskillen tusken de populaasjes fan Nepal en Sina út.[1] Himalayareadsturtsjes briede yn hege, subalpine gebieten mei strewellen. Winterdeis siket er iepen bosk, strûken en lânbougrûn op.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmerdeis yt de fûgel fral ynsekten, mar nei augustus ek sied en beien. Yn 'e Himalaya briedt de fûgel fan healwei maaie oant augustus en yn Sina fan maaie oant july. It nêst is komfoarmich en wurdt tusken stiennen boud, in gat yn 'e grûn, ûnder tichte begroeiing of somtiden ek yn in beamgat oant sân meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út trije oant fjouwer ljochgriisrôze oant ljochtbêzje aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't de oantallen net bekend binne, wurdt der fan út gien dat de soarte stabyl is. De IUCN klassifisearret dêrom de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Readsturtsje
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia