Springe nei ynhâld

Trije-ienheid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hillige Trije-ienheid)
Alde Testamint trije-ienheid Ikon sa. 1400 (Tretjakovgalery, Moskou)

De trije-ienheid (Latyn: Trinitas) is de Kristlike opfetting oer de ienheid fan de godlike natuer (it iene) dy't bestiet út trije godlike iepenbierings, de Heit, de Soan en de Hillige Geast. De trije-ienheid hat yn de lette Aldheid en yn de Iere Midsiuwen ûnderwerp west fan striid ûnder de Kristenen: benammen de Arianen hawwe harren ferset tsjin dizze betinking.

Yn de trije-ienheid drukt God de Heit de ynhâld fan syn natuer út yn syn Soan, dy't dêrtroch mei de Heit deselde natuer mien hat, mar wêrby't de Heit de wrâld skepen hat, wylst de soan yn de wrâld kaam is. Trochdat de Heit en de Soan deselde natuer hawwe, binne sy fuort-en-daliks by inoar belutsen troch de ienheid fan harren natuer. Dizze betrekking hjit de Hillige Geast en dizze is fan deselde natuer as de Heit en de Soan. De ienheid fan de godlike natuer is sadwaande tagelyk de trije-ienheid fan de godlike persoanen.