Oerlis:Trije-ienheid

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dizze útlis liket my wat Arianysk: As de Kristus in skepsel is kin er dan part hawwe oan God? Aliter 11 mai 2007, 01.42 (CEST)[beäntwurdzje]

Goei freech, ik haw my der opnij yn ferdjipt en it stekt yndied hiel krekt yn inoar. De Heit en de Soan binne fan deselde natuer mar net oan inoar lyk. De útlis fan it artikel is ôfkomstich fan Master Eckhart en dat wie in Roomske monnik dy't letter ferkettere waard, mar neffens my past syn útlis oer de tije-ienheid noch wol yn it Katolyke kader. Ik tink datst mei de útlis alle kanten op kinst. Derom hawwe de iere Kristenen der ek ieuwen lang mei dwaande west.--[--Geoffrey 11 mai 2007, 16.49 (CEST)[beäntwurdzje]

Dêrom dy fraach. (As Eckhart in útlis oer de trije-ienheid hie, dan wit ik net of dy útlis letter net ketters ferklearre is.) Mei wat mear klam op de wrâld past it better.
"Persoanen" is yn it Frysk te folle "selstannige wêzens". Yn klassike talen is it begryp mear as de toanielspiler, dy't mei in oare mantel om in oare rol yn it stik spilet, mar dochs deselde toanielspiler is. Aliter 12 mai 2007, 01.12 (CEST)[beäntwurdzje]