Springe nei ynhâld

Hillige Geasttsjerke (Flensburch)

Ut Wikipedy
Hillige Geasttsjerke (Flensburch)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
adres Große Str. 43
24937 Flensburg
koördinaten 54° 47' N 9° 25' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
patroanhillige Hillige Geast
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
Webside
Hiemside tsjerke
Kaart
Hillige Geasttsjerke (Sleeswyk-Holstein)
Hillige Geasttsjerke

De Hillige Geasttsjerke (Deensk: Helligåndskirken; Dútsk: Heiliggeistkirche) is in tsjerkegebou oan 'e Große Straße yn 'e Noarddútske stêd Flensburch yn Sleeswyk-Holstein. Sûnt 1588 wurde der Deensktalige tsjinsten fierd en de tsjerke is de belangrykste fan 'e fiif Flensburger tsjerken fan 'e Deenske Folkstsjerke.

Ynterieur

De twaskippige goatyske halletsjerke waard yn 1386 by in oangrinzgjend hospitaal boud, dêr't sike en âldere minsken waarden ferplege. De tsjerke waard wijd oan 'e Hillige Geast. Yn it ramt fan 'e reformaasje waard it hospitaal mei oare geatlike stiftings bondele en ferhûze nei it doetiidske Fransiskaanske Sint-Katarinakleaster oan 'e súdlike stedsrâne.

Foar de Hillige Geasttsjerke drige doe de ôfbraak, mar der waard in oplossing fûn. De tsjerke waard as filiaaltsjerke oan 'e Marijetsjerke tawiisd en soe yn 'e takomst tsjinje foar de Deensktalige tsjinsten. Sûnt de reformaasje wie it Dútsk de tsjerketaal woarn en lang net alle ynwenners fan Flensburch behearsken dy taal.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1971-1973 restaurearre en krige by dy gelegenheid in nij oargel

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fotyfskip

It besjen wurdich binne de midsiuwske fresko's boppe de pylders tusken de twa skippen.

It barokke alter datearret fan 1719.

De tsjerke hat in pear fotyfskippen fan 'e kriichsskippen Tordenskjold en Dania.

De renêssânse preekstoel waard yn it begjin fan 'e 20e iuw út de tsjerke helle en nei de Dútske Sint-Joaristsjerke yn it stedsdiel Jürgensby oan 'e oare kant fan 'e haven delset.

It oargel mei 19 registers ferdield oer twa manualen en pedaal waard yn 1975 troch de firma Peter Bruhn & Søn boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Heiliggeistkirche (Flensburg)