Springe nei ynhâld

Hillige Geastkleaster (Veliki Novgorod)

Ut Wikipedy
Dûchov-kleaster

Ду́хов монастырь

Hillige Geastkatedraal.
Hillige Geastkatedraal.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
koördinaten 58° 31' N 31° 16' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1119
Ynformaasje bou
boujier 1162 (foar it earst neamd); gebouwen fan ôf 14e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 5310022000
Webside
hiemside kleaster
Kaart
Hillige Geastkleaster (Jeropeesk Ruslân)
Hillige Geastkleaster

It Hillige Geastkleaster (Russysk: Ду́хов монастырь; Dûchov Monastir) is sûnt de 12e iuw in otterdoks kleaster yn Veliki Novgorod, Ruslân. It ferlear mei de fal fan it tsaredom de funsksje as kleaster en wurdt hjoed-de-dei troch de oerheid brûkt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster is tige âld en waard yn kroniken al foar it earst yn 1162 neamd. It hat ea ien fan 'e grutte kleasters fan 'e stêd west, dy't mei it Joerjev-kleaster, it Antoniev-kleaster, it Chûtinkleaster en it kleaster fan Vjazjisjtsjski meunsterje koe. Tsjintwurdich binne allinne de katedraal en de Trije-ienheidtsjerke mei de refter, it hûs fan 'e abt en de ruïne fan in gebou noardlik fan it kleaster bewarre bleaun.

Oant de 14e iuw wiene alle kleastergebouwen noch fan hout. Yn 1357 ferriisden de earste stiennen gebouwen, wêrûnder de Katedraal fan 'e Hillige Geast.

Trije-ienheidtsjerke.

De hast yn it sintrum fan it kleastergebiet steande Trije-ienheidstsjerke waard yn 1557 yn opdracht fan hegumen Jonas boud. Oan 'e tsjerke is in refter mei twa ferdjippings boud; de boppeferdjipping wie de refter sels, wylst de keuken, in bakkerij en twa kelders ûnder wiene ûnderbrocht. It ûntwerp fan 'e tsjerke folge de nije moade fan 'e Moskouse tsjerkegebou út de 16e iuw. De tsjerke hat in soad te lijen hân ûnder de Sweedske besetting tusken 1611 en 1617. Ek in brân yn 1685 brocht skea oan it gebou.

Op 5 maart 1786 waard it manljuskleaster omset yn in kleaster foar froulju. De earste nonnen kamen út twa ferskillende kleasters by inoar yn it Hillige Geastkleaster.

Yn 1822 joech tsaar Aleksander I in bedrach fan 10.000 rûbel foar de restauraasje fan it kleaster.

De hjoeddeiske katedraal fan it kleaster waard yn 'e jierren 1877-1892 boud op it plak fan 'e stiennen katedraal út 1357. It eklektyske bouwurk wurdt sûnt 1926 brûkt foar de opslach fan 'e stedsargiven. Under de besetting fan 'e Dútsers yn 'e Twadde Wrâldkriich wie de Kommandantur dêr fêstige. Hjoed-de-dei hawwe ek de argiven fan 'e oblast Novgorod dêr in plak krige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Духов монастырь (Великий Новгород)