Joerjev-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Joerjev-kleaster

Юрьев монастырь

Юрьев монастырь сентябрь 2009.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Novgorod Oblast.svg Novgorod
plak Flag of Veliky Novgorod.svg Veliky Novgorod
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster

It Sint-Joaris- of it Joerjev-kleaster (Russysk: Юрьев монастырь) is it âldste kleaster fan Ruslân en leit 5 kilometer súdlik fan de stêd Novgorod oan de loftse kant fan de Volkhov-rivier. It kleaster wie it meast wichtige kleaster fan de midsiuwske Republyk Novgorod en falt tsjintwurdich ûnder it wrâlderfskip "Histoaryske Monuminten fan Novgorod en Omkriten".

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikoan fan Sint-Joris (1130

Neffens de leginde waard it houten kleaster yn 1030 stifte troch Jaroslav de Wize (syn doopnamme wie Joris). De earste betroubere fermelding fan it kleaster datearret út de 12e iuw, doe't yn 1119 yn opdracht fan prins Vsevolod Mstislavitsj fan Novgorod en Pskov en hegument Kjoeriak troch de master Pjotr de bou fan de stiennen haadtjerke (de Sint-Joaristsjerke) útein set waard.

Foar de histoaryske ynformaasje fan it midskiuwske Novogorod foarme it kleaster in wichtige boarne. In part fan de "Earste Kronyk fan Novgorod" (it synodale part) waard yn it kleaster gearstald. Yn 1929 waard it kleaster sletten op lêst fan 'e Sovjet-Uny.

Rêstplak fan foarsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1198 waarden twa soannen fan Jaroslav de Wize, Izjaslav en Rostislav, begroeven yn de Sint-Joristsjerke. Yn 1233 fûn de âldste broer fan grutfoarst Aleksander Nevsky, Fjodor, yn de Joristsjerke syn lêste rêstplak en alve jier letter waard ek harren mem Fjodosija yn de tsjerke byset. Hast twahûndert jier letter, doe't Sweedske soldaten tidens de Ingermanlânske kriich (1610-1617) yn de grêven nei weardefolle saken sochten, waarden de oerbliuwsels fan prins Fjodor yn geve steat oantroffen. Hja hellen him út it grêf en setten him tsjin de muorre en it like oft er noch libbe. Dêrfandinne waard de prins hillich ferklearre yn Novgorod en wurdt dêr ek tsjintwurdich noch as in de lokale hillige fereare.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sint-Joariskatedraal is ien fan de grutste tsjerken fan Novogrod en omkriten. De tsjerke hat trije koepels, wat in bytsje nuver is foar in Russyske tsjerke, om't fiif koepels wenst is. Guon fragminten fan de âlde beskildering binne bewarre bleaun, mar de measte fresko's binne yn 1902 op'e nij oanbrocht. Under de fresko's is in grutte Kristus Pantokrator yn de grutste koepel.

Yn de noardeastlike hoeke fan it kompleks stiet de Krúsferheffingstsjerke út de 18e iuw mei fiif blauwe koepels mei fergulde stjerren. De toer fan de poarte is bekroand mei in grutte fergulde koepel, dy't sels fanút it sintrum fan de stêd noch te sjen is.

Nei't de bolsjewiken de macht grepen, waard it kleaster plondere en foar in grut part fernield. Fiif fan de seis tsjerken waarden yn 1928 ferwoastge. It kleaster waard sletten yn 1929. De Twadde Wrâldkriich brocht it kleaster nije skansearrings doe't de gebouwen beset waarden troch Dútske en Spaanske troepen.

It kleaster waard yn 1991 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt binne dielen wer renovearre en rekonstruearre. It westlike diel fan it kleaster, wêrûnder ek in tsjerke, leit lykwols noch altiten yn pún.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]