Hillige Geastkatedraal (Minsk)

Ut Wikipedy
Hillige Geastkatedraal
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Minsk
koördinaten 53° 54' N, 27° 33' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
boujier 1633-1642
boustyl barok
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 712Г000238
Kaart
Hillige Geastkatedraal (Minsk)
Hillige Geastkatedraal

De Hillige Geastkatedraal (Wytrussysk: Кафедральны сабор Сашэсця Святога Духа) is in katedraal yn Minsk, Wyt-Ruslân. De oan 'e Hillige Geast wijde tsjerke is de memmetsjerke fan 'e ûnder it Moskouse patriarchaat fallende Wytrussysk-Otterdokse Tsjerke en waard tusken 1633 en 1642 yn 'e tiid fan it Poalsk-Litouske Mienebest boud as kleastertsjerke fan it bernardynske kleaster op it plak fan in earder otterdoks manljuskleaster. Yn 1860 waard it wer in otterdoks gebou. De katedraal stiet op 'e list fan it Wytrussyske kulturele erfgoed en wurdt beskôge as ien fan de belangrykste monuminten yn 'e boppestêd fan Minsk. Op 3 maaie 2022 waard by de katedraal in monumint foar metropolyt Filaret oprjochte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar 1596 stie op it plak in otterdoks manljuskleaster, dat oan Kosmas en Damianus wijd wie. It kleaster besiet ek it lân oan 'e eastlike grins fan it âlde Minsk en tsjinne dêrnjonken as militêr bolwurk foar de ferdigening fan 'e stêd. Ta neitins oan it kleaster wie eartiids in oanbuorjende strjitte nei de twa hilligen ferneamd. Dy strjitte waard yn 1931 omneamd en mei't yn 'e Twadde Wrâldoarloch alle gebouwen oan 'e strjitte ferneatige waarden, ferdwûn ek de strjitte.

Ynterieur.

Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard it kleaster mei al it lân oan 'e Ruteenske Uniaten Tsjerke jûn, mar yn Minsk wiene de uniaten net populêr en de autoriteiten droegen it kleaster oer oan 'e bernardinen. Yn dy tiid wiene de gebouwen fan Minsk noch fan hout en de stêd hie in soad lest fan brannen. De bernardinen bouden tusken 1633 en 1642 de stiennen katedraal en yn 1652 stie der ek in stiennen kleaster. De Poalsk-Russyske Oarloch (1654-1667) brocht in bulte skea oan 'e gebouwen, mar der fûn neitiid wer in restauraasje plak, dy't yn augustus 1687 ôfsletten waard.

Grutte brannen folgen yn 1641 en fral op 30 maaie 1835. By de lêste brân yn it kleaster sloech it fjoer oer nei de hiele binnenstêd en dy ferneatige in soad histoaryske gebouwen en hûzen. De benardinen koene de tsjerke net mear yn 'e oarspronklike foarm restaurearje en yn 1852 waard besletten it kleaster te sluten. De lêste nonnen waarden nei Njasvizj en it kleaster bleau oant 1860 leechstean.

Parochytsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1860 waard it kleaster oan 'e Otterdokse Tsjerke werom jûn en yn 1869 joech de stêd Minsk 13.000 rûbel foar in restauraasje. Yn in jier tiid wie it wurk dien en de tsjerke koe op 22 oktober 1870 wer konsekrearre wurde. It kleaster waard oan de muontsen jûn fan it Trije-ienheidskleaster fan Slutsk. Hja namen út Slûtsk ferskillende weardefolle reliken mei, wêrunder it ikoan fan Us-Leaffrou fan Minsk.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn 1941.

Yn 1918 waard de tsjerke sletten en it measte fan it ynterieur ferdwûn neitiid. It sekularisearre gebou waard dêrnei brûkt as gymnastykseal foar de brânwar.

Mei de Dútske besetting mocht de tsjerke yn 1942 wer iepene wurde. In restauraasje folge yn 'e jierren 1950. De tsjerke waard yn 1961 de katedraal fan it bisdom Minsk en krige dêrnei de status fan de belangrykste tsjerke fan 'e Wytrussysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 1968 waard in nij alter yn it súdlike diel fan 'e tsjerke ynwijd.

Reliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e ikonostaze binne ferskillende belangrike otterdokse reliken ferarbeide, lykas it ikoan fan Us-Leaffrou fan Minsk út 1500. Yn in nis oan de lofter kant fan it alter wurde de noch yntakte reliken fan Sofia fan Slûtsk, de beppesizzer fan prinses Anastasia Slûtskaja, bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Holy Spirit Cathedral (Minsk)