Springe nei ynhâld

Hillige Ferlossertsjerke (Gjûmri)

Ut Wikipedy
Ferlossertsjerke
Սուրբ Ամենափրկիչ Եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Sjirak
plak Gjûmri
adres Vartanants Plein
koördinaten 40°47'NB, 43°50'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1858-1872
Kaart
Hillige Ferlossertsjerke (Armeenje-reliëf)
Hillige Ferlossertsjerke

De Tsjerke fan de Hillige Ferlosser (Armeensk: Սուրբ Ամենափրկիչ Եկեղեցի) is in 19e-iuwske tsjerke yn Gjûmri, Armeenje. De tsjerke grinzget oan 'e súdlike kant fan it Vartanants Plein yn it sintrum fan 'e stêd. De bou fan 'e tsjerke fûn yn 'e jierren 1858-1872 plak; de wijing yn 1873.

Yn 'e jierren 1850 waard yn 'e nije stêd Aleksandropol (sa't Gjûmri doe hiet) in Armeensk-katolike en in Gryksk-otterdokse tsjerke boud. Foar de oanhingers fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke, de mearderheid fan 'e befolking, waard dat field as in mislediging. Dat hja besletten ek in tsjerke te bouwen, mar dan krekt yn 'e midden fan dy twa nije tsjerken. Boppedat moast de tsjerke grutter lykje en mear yndruk meitsje.

De tsjerke yn 2011.

De bou sette yn 1858 útein en waard ûnder tafersjoch fan 'e arsjitekt Tadeos Andikjan (1835-1899) útfierd. It ûntwerp fan 'e tsjerke waard liend fan 'e katedraal fan Ani, mei it ferskil dat de Ferlossertsjerke folle grutter is dan Ani's katedraal.

De tsjerke waard by de ierdskodding fan 1926 sparre. Oan it begjin fan 'e jierren 1930 lieten de Sovjet-autoriteiten beslach lizze op it gebou. Yn 1932 waard de klokketoer sloopt, dy't lykwols yn 1964 wer rekonstruearre waard. Yn de kommunistyske tiid bleau it gebou yn gebrûk as museum en letter ek as konserthal foar klassike muzyk.

De grutte ierdskodding fan 1988 soarge foar grutte skea oan it gebou. Sûnt 2002 ûndergyng it skeinde gebou in grutte renovaasje, dy't yn 2015 ôfsletten waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: