Gjûmri

Ut Wikipedy
Gjûmri
Գյումրի
Polityk
Lân Armeenje
Provinsje Sjirak
Sifers
Ynwennertal 121.976 (2012)
Oerflak 54 km²
Befolkingsticht. ± 2.300 / km²
Hichte 1.509 m
Oar
Stifting 8e iuw f.Kr., weropboud yn 1837
Tiidsône GMT+4 (UTC+4)
Simmertiid GMT+5 (UTC+5)
Offisjele webside
Side fan de stêd

Gjûmri (Armeensk: Գյումրի) is de haadstêd fan de provinsje Sjirak yn Armeenje. It is de op ien nei grutste stêd fan Armeenje. De stêd stie yn de 19e iuw bekend ûnder de namme Aleksandropol en it wie doe ien fan de grutste stêden fan it troch it Keizerryk Ruslân bestjoerde East-Armeenje. It hie doedestiids in ynwennertal dat lyk wie oan Jerevan. Yn de Sovjettiid krige de stêd de namme Leninakan. Oant de grutte ierdskodding fan 1988 dy't de stêd slim rekke hie de stêd likernôch 200.000 ynwenners. By de telling fan 2011 hie de stêd 121.976 ynwenners.

Gjûmri is ek de sit fan it bisdom Sjirak fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit yn it westen fan it lân net fier fan de grins mei Turkije op in hichte fan likernôch 1590 meter. It ynwennertal is ûngefear 130.000 en de minsken hawwe dêr in eigen dialekt.

Fan 1840 oant 1924 hiet de stêd Aleksandropol (Russysk: Александрополь; Armeensk: Ալեքսանրապոլ) en yn de Sovjettiid waard de stêd nei Vladimir Lenin ferneamd. Leninakan (Ленинакан, Լենինական) waard yn 1991 wer omdoopt ta Kumajri (Կումայրի).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksandropol yn 1901

Ut argeologysk ûndersyk yn de Sovjettiid hat bliken dien dat it moderne Gjûmri al sûnt 3000 f.Kr bewenne is. Neffens ynskripsjes dy't werom geane op de 8e iuw f.Kr. hiet it plak yn it doedestiidske Urartû Kumajri. De hjoeddeiske stêd ûntstie yn 1836 by de stifting fan in russyske fêsting. Oant de Earste Wrâldkriich wie it de haadstêd fan in ûjezd fan it gûvernemint Jerevan.

Op 7 desimber 1988 die in swiere ierdskodding de regio Lori yn it noarden fan Armeenje de grûn skodzjen. By de ramp kamen 25.000 om it libben. Njonken de stêd Spitak, dy't hast folslein ferneatige waard, waarden Leninakan en Kirovakan en in soad omlizzende doaprn slim skeind.

In soad benammen net-sosjalistyske lannen holpen it lân mei de weropbou. De styl fan de nijbou ferwiist fakentiden nei de arsjitektuer fan it donorlân, itjinge in tige ôfwikseljende arsjitektuer oplevere.

Op 25 juny 2016 brocht paus Fransiscus in besite oan de stêd en droech op it Vartanants Plein dêr de misse op. Ek katolikos Karekin II die mei oan de seremoanje.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat de yndustry oanbelanget binne de tapytweverijen en metaalferwurkjende fabriken it neamen wurdich. Nei de grutte ierdskodding fan 1988 is de wurkleazens lykwols heech. It doel is om fan de stêd it IT-sintrum fan Armeenje te meitsjen. Sûnt 2014 moat it Gyumri Technology Center de technology yn de regio fuortsterkje. Jonge minsken wurde dêr û.o. foarme yn it programearjen.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gjumri