Hessel Brandenburgh

Ut Wikipedy

Hessel Brandenburgh (Laaksum, 26 juny 1795 - Warkum, 4 desimber 1880) wie boekdrukker-útjouwer, dy't in âlde saak út it begjin fan de 18e iuw ta nije bloei brocht.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1712 wie yn Warkum Petrus OIingius boekdrukker yn it Vergulde Hooft. Syn widdo joech ûnder oare yn 1734 út De Christelijke Zeevaart. Nei har dea waard de saak fuortset troch trije bruorren en in suster. De lêste fan de bruorren ferstoar ein 18e iuw en sûnttiids stie de drukkerij stil. De suster ferstoar yn 1802. Nei har ferstjerren waard de ynventaris troch de erfgenamten ferkocht oan Isaäc Verwey Wybrens, dy't yn 1797 noch rektor fan de Latynske skoalle wie yn Dokkum, en û.o. ek de akademydrukkerij fan D. Lomars yn Frjentsjer kocht hie. Mei dizze kombinearre ynventarissen fêstige Verwey him yn 1802 yn it saneamde Spûkhûs yn Warkum (Wyk E 10). Twa jier letter waard de saak ferpleatst nei in gebou oan de Merk. Doe't hy yn 1806 griffier waard by de Arrondissemintsrjochtbank yn Snits, die hy de drukkerij oer oan syn grutfeint Folkert Annes (Annema) mei útsundering fan twa parsen en wat easterske geskriften, dy't nei Amsterdam ferkocht waarden. Doe't ûnder Napoleon de frijheid van drukparse oan bannen lein waard en bepaald, dat yn Warkum gjin drukkerij bestean mocht, waard oan Annema, neidat hy yn hannen fan de presidint fan de rjochtbank yn Snits de eed fan trou oan de Keizer en it ryk ôflein hie, in Brevet de tolerance útrikt, sadat de saak fuortsetten wurde koe salang as de destiidske eigener libbe. It jier 1813 makke lykwols in ein oan dy bepaling. Doe't yn maart 1819 F.A. Annema stoar, skreau de widdo oan syn ienige learling Hessel Brandenburgh, dy't doe by de firma Thieme yn Sutfen wurke, oft dizze de saak wol oernimme woe, wat ek de winsk fan de ferstoarne west hie, "die zijn leerling een vaderlijke genegenheid toedroeg".

De keap kaam ta stân. De nije eigener brocht in soad ferbetterings oan, û.o. troch it jitte litten fan ferskate nije lettersoarten, wêrby't inkele op net ien oare drukkerij yn Nederlân op foaried wiene, lykas Moeso-Goatysk en Angelsaksysk, it oantugen fan in izerene drukparse ensfh. De earste publikaasjes fan it Friesch Genootschap mei H. Suringar te Ljouwert as útjouwer, waarden by him drukt. Yn it foarjier fan 1844 gie de saak oer op de âldste soan Lieuwe Brandenburgh (Warkum, 3 septimber 1820 - Warkum, 18 juny 1867) (troud mei Hinke Gaastra) dy't ek de saak ferrike mei nije lettersoarten, overeenkomstig de vorderingen der kunst en de behoeften van den tijd. Nei syn ferstjerren sette syn soan Hessel Brandenburgh (Warkum, 11 juny 1845 - Snits, 18 juny 1903 de saak fuort, dy't gruttere betsjutting krige troch de stifting fan it wykblêd Friso yn 1874, al gau it orgaan fan de liberale partij yn Súdwest-Fryslân, letter útjefte fan T. Gaastra Bz.

By Lieuwes soan Simon Brandenburgh (Warkum, 12 jannewaris 1847 - Warkum, 21 maaie 1891) ferskynde yn 1877 in sneonsnûmer fan it kristlik-histoarysk orgaan De Banier, it woansdeinûmer by J.J. Wiarda yn Snits.

Snits[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1888 fêstige Hessel Brandenburgh him yn Snits, dêr't hy de Nieuwe Sneeker Courant stichte, in pleatslik nijs- en advertinsjeblêd, dat al gau de besteande Sneeker Courant (útjefte Cool van Bokma) benefterliet en dat letter ek yn de Nieuwe Sneeker Courant opgie. Yn 1903 kaam de eigener te ferstjerren; de widdo sette de saak fuort, om har yn 1914 oer te dragen oan de ienige soan Lieuwe Brandenburgh (Snits, 28 augustus 1889- Snits, 27 maart 1961), dy't har earst hie mei in pear kompanjons, mar sûnt 1927 de ienige firmant wie yn de saak, dy't dêrnei de namme Brandenburgh en Co te Snits krige. Dizze firma rjochte har benammen op Fryske tydskriften (It Heitelân, Frisia) en Fryske boek- en toanielútjeften, dêr't se in grut fûns fan hiene. Har útjeftes droegen in boekemerk ûnder de sinsspreuk ‘Bou en 't komt ta stân’, symbolisearre troch twa krúste troffels en in pyramide.

Yn it pân oan de Kleinzand 1 yn Snits sit no Hoekstra útjouwerij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: