Springe nei ynhâld

Friso (blêd)

Ut Wikipedy

Friso is in advertinsjekrante foar Warkum en omkriten. It blêd hat sa'n 2000 abonnees en waard oprjochte yn 1877. Yn 1966 waard de Friso oernomd troch Hunia's Drukkerij, in famyljebedriuw dat sûnt 1937 bestiet. It blêd docht boppe-al ferslach fan it pleatslike nijs, lingte en foarm fan de artikels binne ûndergeskikt oan de ynhâld. Friso ferskynde earst allinnich yn Warkum, letter waard de gemeente Nijefurd it wurkterrein, dat is ek nei de weryndieling mei "Súdwestergoa" sa bleaun. De Friso folget sa it nijs yn it gebiet Hylpen-Warkum-Starum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: