Herstal
Appearance
Herstal Hesta | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
Provinsje | Luik | |
Arrondissemint | Luik | |
Boargemaster | Frédéric Daerden (PS) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 39.003 (2014) | |
Oerflak | 23,54 km² | |
Befolkingsticht. | 1656,8 / km² | |
Hichte | 49 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside fan de gemeente |
Herstal (Waalsk: Hesta) is in stêd yn de provinsje Luik yn Belgje. It plak hat goed 38.000 ynwenners en is feitlik in foarstêd fan Luik.
Benoarden Herstal leit fort Pontisse, in part fan de fortegurdle om Luik hinne.
It Belgysk wapenfabryk FN is sûnt 1889 yn de gemeente Herstal fêstige en makke it plak wrâldferneam. Yn it ferline siet dêr noch folle mear (wapen)yndustry.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard al yn de 8e iuw neamd, as Cheristalius of Haristalio. De namme is fan Frankysk komôf, út soarte mear ier Middelfrankysk. De namme bestiet út de wurden hari (leger) en stal (plak, rêstplak), dat 'rêstplak fan it leger'.
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pepyn fan Herstal, hofmeier fan Austraasje, Neustrje en Boergonje (635 of 640-714)
- Karel Martel, Hofmeier en Hartoch fan de Franken (686-741)
- Karel de Grutte, kening fan de Franken en stifter fan it Hillige Roomske Ryk (742 of 747-814)
- John Browning, Amerikaansk fjoerwapenûntwerper (1855-1926)