Springe nei ynhâld

Herrstein

Ut Wikipedy
Herrstein
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Birkenfeld
Sifers
Ynwennertal 799 (2021)
Oerflak 4,81 km²
Befolkingsticht. 166 ynw./km²
Hichte 320 m.
Oar
Postkoade 55756
Koördinaten 49° 46' N 7° 20' E
Offisjele webside
herrstein.de
Kaart
Herrstein (Rynlân-Palts)
Herrstein

Herrstein is in Ortsgemeinde yn de lânkring Birkenfeld yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Buorskippen fan Herrstein binne Lindenhof, Steinäckerhof en Walkmühle.

Herrstein is it haadplak fan de ferbânsgemeente Herrstein-Rhaunen.

De gemeente leit op de Hunsrück oan de Deutsche Edelsteinstraße likernôch 10 kilometer noardlik fan Idar-Oberstein. Troch Herrstein streamt de Fischbach.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It kastiel fan Herrstein stiet oan de noardlike kant fan it stedsje en waard yn de twadde helte fan de 13e iuw troch de greven fan Sponheim boud. Fan de oarspronklik fjouwer tuorren binne der trije tuorren bewarre bleaun: de Schinderhannesturm, de Stumpfer Turm (tsjintwurdich de tsjerketoer) en de Sichelturm.
  • De eardere boarchkapel docht sûnt de 15e iuw tsjinst as parochytsjerke. De protestantske Schlosskirche oan de Schloßweg 14 is in trijeskippich goatysk en barok gebou. Oarspronklik is de tsjerke in 13e-iuwsk gebou, mar it hjoeddeiske gebou datearret út de 15e iuw.
  • De Hauptstraße, Niederhosenbacher Weg, Pfarrgasse, Schlossweg, Uhrturmgasse foarmje it letmidsiuwske sintrum fanit stedsje mei in soad 18e-iuwske fakwurkhûzen.
  • De stedsfortifikaasjes waarden boud nei't Herrstein stedsrjochten krige. De fortifikaasjes waarden foar in diel yn de 20e iuw rekonstruearre.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Herrstein fan Wikimedia Commons.