Springe nei ynhâld

Herman Willem Daendels

Ut Wikipedy
Generaal Daendels

Herman Willem Daendels (Hattem, 21 oktober 1762Elmina, Nederlânske Goudkust (no yn Gana), 2 maaie 1818) wie in Nederlânsk patriot, militêr en bestjoerder.

Yn 1785 keas er de kant fan de patriotten dy't yn ferskate Nederlânske stêden oan de mach kaam wiene. Yn 1786 ferdigene er de stêd Hattem tsjin de troepen fan de steedhâlder en yn 1787 ferdigene er Amsterdam tsjin it Prusysk leger dat steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau fannijs oan de macht helpe woe. Doe't dat slagge wie waard er ta de dea feroardield en flechte er nei Dúntsjerk yn Noard-Frankryk. Daendels makke de Frânske Revolúsje fan tichteby by. Nei de Bataafske Revolúsje 1794-1799) wie er generaal en fan 1807 oant 1810 wie er gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje.

Doe't Nederlân troch Frankryk ynlive wie (1810) rôp keizer Napoleon Daendels werom. Hy waard kommandant fan in difyzje fan it napoleontyske leger en die mei oan de fjildtocht fan Napoleon nei Ruslân.

Hy waard 1815 fan kening Willem I fan de Nederlannen beneamd ta gûverneur-generaal fan it Nederlânsk besit oan de Goudkust. Maart 1816 besette er dy funksje. Alle projekten dy't er stâl besike te jaan mislearren lykwols.
Daendels stoar 1818 oan malaria en waard byset op it Nederlânsk begraafplak fan Elmina.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: