Herman Bode
Herman Antoon (Herman) Bode (Oldenzaal, 16 april 1925 – Inkhuzen, 10 jannewaris 2007) wie in Nederlânsk fakbûnsbestjoerder.
Bode kaam út in Twintsk arbeidersmiljeu. Yn 1949 sluet er him oan by it bûn fan metaalarbeiders 'Sint Eloy', dêr't er rillegau distriktsbestjoerder waard. 1969 waard er lanlik bestjoerder fan Sint Eloy en 1972 kaam hy yn it haadbestjoer fan it Nederlânsk Katolyk Fakferbûn (NKV).
Yn 1979 waard hy ficefoarsitter fan it NKV, oant dy bûn yn 1982 mei it Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen (NVV) fusearre ta de Federaasje Nederlânske Fakbeweging (FNV). Under Wim Kok waard hy de earste ficefoarsitter fan de FNV.
Herman Bode syn wurden dy't er by in manifestaasje fan arbeiders op 4 maart 1980 sei binne legindarysk wurden. De manifestaasje wie ferset fan de Dam nei it RAI-kompleks yn Amsterdam-Súd omdat de oerheid benaud foar kreakersrellen wie. Doe't de kloft minsken om in demonstraasje op de Dam rôp, rôp Bode: "Willen we naar de Dam? Dan gáán we naar de Dam!" Sa barde it.
Doe't hy yn 1985 ôfskied naam, waard er de lêste arbeider yn de FNV-top neamd. Dêrnei sette hy him yn foar tsjerklik-sosjale organisaasjes, sa as "De arme kant van Nederland".
Fierders hie hy yn 1999 as ynwenner fan de Meern (gemeente Vleuten) de lieding oer in kampanje tsjin de anneksaasje fan dat plak troch de gemeente Utert, wêrfoar't er in demonstraasje op it Binnenhof en in hantekeningenaksje, ornearre foar de Twadde- en letter ek de Earste Keamer, op poaten sette.
Op 10 jannewaris 2007 stoar Herman Bode yn de âldens fan 81 jier oan in mageblieding.[1] Syn frou en dochter woene hawwe dat Bode syn dea in medyske misser wie, omdat de dokter nachts net komme woe doe't hy bloed spuide. De arts is dêrfoar beskrobbe troch it medysk tuchtkolleezje.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Herman Bode fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|