Herfoarme tsjerke (Twizelerheide)
Herfoarme tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Twizelerheide | |
adres | Smitswei 1 | |
koördinaten | 53° 14' N 6° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gemeente) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1878 | |
Webside | ||
Side herfoarme gemeente Twizelerheide | ||
Kaart | ||
Eben Haëzer is de tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente yn Twizelerheide. De tsjerke waard yn 1878 boud.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Herfoarme gemeente fan Twizelerheide is sûnt 1939 in selsstannige gemeente en fan rjochtsinnige sinjatuer. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân en wurket nau gear mei de Grifformearde temeente fan Twizelerheide. Beide gemeenten binne lykwols selsstannige gemeenten en net fusearre.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke stelde yn 1877 Hein Klazes Zijlstra oan as evangelist yn Twizelerheide. Hy wist gâns folk te lûken en in jier letter lei er de earste stien foar in echte tsjerke. Foar dy tiid holden de evangelisten de tsjinsten yn in ienfâldich mei reid dekt tsjerkje yn Hiltsjemuoiswâlden.
Ut ûnfrede mei de frijsinnigens yn 'e tsjerke stifte Zijlstra wat letter de Frije Grifformearde gemeente, dy't mei de doleânsje oansluting socht by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke. Hy krige lykwols lang net al it tsjerkefolk mei en de tsjerke bleau yn hannen fan 'e herfoarmen. Zijlstra soe yn 1911 ek de earste stien lizze foar de grifformearde tsjerke fan it doarp.
De sealtsjerke waard letter fergrutte mei in dwersskip oan 'e eastlike kant, dat de tsjerke hat tsjintwurdich in T-foarmich grûnplan. Yn 1968 fûn in modernisaasje fan it gebou plak en njonken de tsjerke feriisde yn 'e jierren 1970 "De Mienskip".[1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1916 skonken troch dûmny J.D. Politiek fan Aldwâld.[2] It ynstrumint waard troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert boud, dy't it yn 1993 ek restaurearre.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|