Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Lytsegast)

Ut Wikipedy
Herfoarme Tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Lytsegast
adres Abel Tasmanweg 75
koördinaten 53° 18' N 6° 15' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestanske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier 1877
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme Tsjerke is ien fan 'e twa tsjerken fan 'e Protestanske Tsjerke yn Nederlân yn Lytsegast, Grinslân. De oare tsjerke is de eardere grifformearde tsjerke fan Lytsegast en stiet krektlyk as de herfoarme tsjerke oan 'e Abel Tasmanweg. De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint.

De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke op in skilderij fan Bernardus Bueninck út 1908 neffens in tekening út 1860.

De tsjerke waard boud yn 1876-1877 op it plak fan in âldere tsjerke. Bûten is yn 'e muorre fan 'e tsjerke ta neitins fan Abel Tasman in brûnzen plakette oanbrocht, dy't jûn waard troch it regear fan Tasmaanje.

De 17e-iuwske preekstoel draacht it wapen fan Berend Johan Prott. De sark fan it famyljegrêf fan de ofsier Prott, dy't in rol spile by de ferdigening fan Grinslân tsjin de biskop fan Münster, leit ûnder de preekstoel.[1] De hearebank datearret út de 18e iuw. Yn 'e toer hinget in klok út 1948. De âlde klok út 1640 waard yn 'e besettingstiid út de tsjerke helle.

It oargel fan Geert Pieters Dik út 1842 waard út de foargonger oernommen. Dat oargel bestie út ûnderdielen fan oargels fan katolike skûltsjerken út Grins, dêr't Dik ien oargel fan makke hie. Bysûnder is dat ien fan dy oargels, nammentlik dy fan de staasje oan 'e Hoge der Aa, oan Arp Schnitger taskreaun waard. Yn 1911 boude Antonius van Oeckelen in nij ynstrumint. Unbekend is wêr't it Dik-oargel dêrnei bedarre is. Tanksij in legaat koe it Dik-oargel yn 1985 restaurearre wurde.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: