Springe nei ynhâld

Bernardus Bueninck

Ut Wikipedy

Bernardus Bueninck (Arnhim, 14 augustus 1864 - Grins, 21 oktober 1933) wie in Nederlânsk tekener en keunstskilder.

Bueninck wenne en wurke yn Vorden, Zutphen en Grins. Hy hat nei alle gedachten tekenûnderrjocht hân yn Rotterdam fan 1885 oant 1888.

Fan 1894 ôf wie er tekenlearaar oan de Gemengde Burgeravondschool yn Grins en sûnt 1895 ek oan de Gemeentlike H.B.S. dêre. Hy skildere en tekene lânskippen en havengesichten. Fanwege J.B. Wolters Uitgeversmaatschappij yn Grins makke er in protte skoalplaten foar it ierdrykskundich ûnderwiis. Hy wie teffens yllustrator fan skoalboekjes.

Yn 1898 makke er it bânûntwerp foar it boek Kinderlief; kleine verhalen foar Wolters.

  • Jacqueline Burgers (1944-2002): Brood op de leesplank: zes illustratoren in dienst van het onderwijs: C. Jetses, J.H.Isings, Tj. Bottema, W.K. de Bruin, Bernardus Bueninck, J. Gabriëlse. Sijthoff, Leien, 1977.
  • Verdwenen Nederland; Nederland in oude schoolwandplaten Noordhoff Uitgevers BV, Grins 2006, ISBN 9789001122348

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]