Herfoarme tsjerke (Lutjegast)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Herfoarme Tsjerke
Lytsegast, herfoarme tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Lutjegast
adres Abel Tasmanweg 75
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1877
oare ynformaasje
webside Side fan de gemeente

De Herfoarme Tsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân yn Lutjegast, Grinslân. De oare tsjerke is de eardere grifformearde tsjerke fan Lutjegast en stiet krektlyk as de herfoarme tsjerke oan de Abel Tasmanweg. De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke op in skilderij fan Bernardus Bueninck út 1908 neffens in tekening út 1860.

De tsjerke waard boud yn 1876-1877 op it plak fan in âldere tsjerke. Bûten is yn de muorre fan de tsjerke ta neitins fan Abel Tasman in brûnzen plakette oanbrocht, dy't jûn waard troch it regear fan Tasmaanje.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 17e-iuwske preekstoel draacht it wapen fan Berend Johan Prott. De sark fan it famyljegrêf fan de ofsier Prott, dy't in rol spile by de ferdigening fan Grinslân tsjin de biskop fan Münster, leit ûnder de preekstoel.[1] De hearebank datearret út de 18e iuw. Yn de toer hinget in klok út 1948. De âlde klok út 1640 waard yn de besettingstiid út de tsjerke helle.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan Geert Pieters Dik út 1842 waard út de foargonger oernommen. Dat oargel bestie út ûnderdielen fan oargels fan katolike skûltsjerken út Grins, dêr't Dik ien oargel fan makke hie. Bysûnder is dat ien fan dy oargels, nammentlik dy fan de staasje oan de Hoge der Aa, oan Arp Schnitger taskreaun waard. Yn 1911 boude Antonius van Oeckelen in nij ynstrumint. Unbekend is wêr't it Dik-oargel dêrnei bedarre is. Tanksij in legaat koe it Dik-oargel yn 1985 restaurearre wurde.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: