Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Driezum)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
De tsjerke fanút it súdeasten (2022)
De tsjerke fanút it súdeasten (2022)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Driezum
adres Van Sytzamawei 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1713
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11684 [1]
offisjele webside
Side herfoarme Driezum

De herfoarme tsjerke oan de Sytzamawei yn Driezum is de tsjerke fan de herfoarme PKN-gemeente.

Tekening fan Jacob Stellingwerf (1722) nei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke mei de âlde sealtektoer

Al ier yn de midsiuwen stie op de terp fan Driezum in houten kapel, dy't om en de by yn 1150 ferfongen waard troch in dowestiennen tsjerke. De tsjerke krige net earder as yn 1562 in patroanhillige. Gjin hillige lykas wenst, mar 'God de Almachtige' sels waard as patroan fan de tsjerke keazen.

De midsiuwske tsjerke waard oan it begjin fan de 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch de tsjintwurdige tsjerke, dy't yn 1713 foltôge waard. In gevelstien boppe de noardlike tagong betinkt de bou fan de tsjerke. Boppe de súdlike tagong waard in sinnewizer út 1730 ynmitsele.

De yn 1469 sealtektoer moast fanwegen brekfalligens yn 1875 ôfbrutsen wurde. De gemeente Dantumadiel liet doe de hjoeddeiske toer bouwe.

Oan de eastlike muorre stiet de preekstoel út 1716 mei fykwurk fan Jan Oenema út Ljouwert. Yge Rintsjes makke yn 1771 in cartouche foar it middenpaniel fan de preekstoel om de koperen lessener fan de Dokkumer Lieuwe Geerts (1772) te dragen. Jan Oenema fike ek de earnen op de fleugelstikken fan it achterskot, dy't ferwize nei de wurden fan Deuteronomium 32:11: 'Lykas in earnfûgel syn broed oantrunet, boppe syn jongen hinne en wer fljcoht, de wjukken útspriedt en syn jong opheint, en it draacht op syn wjuk, sa late allinne de Heare him'.

De tsjerke hat twa famyljebanken. Oan de noardlike kant stiet de Van Sytzamabank út 1745 mei in ryk fike opsetstik. De oare bank stiet oan de súdlike kant en is ienfâldiger en is op de rêch fersierd mei it alliânsjewapen fan Haersma-Canter.

Tusken de finsters en yn it koer binne byldhoude wapenstiennen ynmitsele. De wapenstiennen datearje út 1720.

Yn de toer hinget in klok dy't yn 1617 getten waard troch Hans Falck.

Yn 1782 krige oargelbouwer Hinsz opdracht om in oargel te bouwen lykas dat fan Dantumawâld. Hinsz boude lykwols in grutter oargel foar Driezum, dat 11 registers telde. Yn de rin fan de tiid waard der in soad oan it oargel wurke en feroare de disposysje, mar yn de twadde helte fan de jierren 1990 waard it ynstrumint restaurearre en krige it de oarspronklike disposysje werom.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed