Springe nei ynhâld

Heremawei

Ut Wikipedy

De Heremawei is in strjitte yn It Hearrenfean dy't fan de Marktwei yn Aldskoat yn westlike rjochting rint nei de spoaroergong. De âlde wei waard yn 1956 ferbrede en ferbettere en yn 1970 nochris ferbrede tagelyk mei in stik fan de Rotstergaastwei. De wei krige yn 1950 de namme Stasjonswei, doe ûnder Aldskoat fallend. Nei ynliving by de gemeente It Hearrenfean wienen der in Stasjonswei en in Stasjonsstrjitte om betizing te foarkommen

By de oanlis fan it spoar Swol-Ljouwert waard it stik Meppel-It Hearrenfean yn jannewaris 1868 iepene (It Hearrenfean-Ljouwert pas yn septimber fan dat jier). It wie earst de bedoeling om tusken Wolvegea en It Hearrenfean gjin halte te meitsjen, mar troch tadwaan fan Mr. O.R. van Andringa de Kempenaer, lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-generaal, is der earst in halte en letter in stasjon komd, dat yn 1948 opheft is (de halte wurdt sûnt plm. 1969 wer brûkt foar de keunstiisbaan).

De Heremawei stiet (sûnder namme) al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, as ûnderdiel fan de wei nei Nijskoat en Rottum/Rotstergaast mar is nei alle gedachten folle âlder en soe wol beskôge wurde kinne as it westlik ferlingde fan de Binnenwei (no "Skoatterlânskewei") oer de diluviale sânrêch. De "Stasjonswei" waard yn 1967 omneamd ta Heremawei nei it tichtbylizzende Heremastate (op de hoeke fan de "Marktwei" en de "Heremawei".

Fokke Bienema, (Dantumawâld, 16 jannewaris 1790 - Heremastate 3 desimber 1832), wie ûntfanger fan de belestingen, kapitein fan de Fryske Skutterij, riedslid fan Skoatterlân, lid fan Provinsjale- en Deputearre Steaten fan Fryslân, boaske op 20 augustus 1810 mei Amelia Wiskje de Swart, dy't berne wie op Heremastate of Grut Herema yn Sweins. Fokke hat it bûtenhûs ûnder Aldskoat (no "Marktwei"), bouwe litten ta eare fan syn frou, de namme jûn fan har bertehûs. De bern út dit houlik, sân yn getal, waarden yn it nije Heremastate berne. It earste wie in soan, Epke (Roos van Bienema) dy't berne waard op 15 maaie 1811. Dizze Epke boaske (earste houlik ) mei Riemkje Lunia Cats († 1861). Harren fjouwer bern waarden ek ellegear berne op Heremastate. Yn augustus 1847 waard Heremastate út de hân te keap oanbean.