Springe nei ynhâld

Herbert Joeks

Ut Wikipedy
Herbert Joeks
akteur
Herbert Joeks (1958)
Herbert Joeks (1958)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Herman Jozef van Hugten
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 novimber 1915
berteplak Amsterdam
stoarn 28 july 1993
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1953-1991
Frits van Dijk en Herbert Joeks (rjochts) yn it telefyzjespul De opgeschreven man (in bewurking fan "The Quare Fellow" fan Brendan Behan
Herbert Joeks as Klukkluk yn Pipo de Clown yn 1973

Herman Jozef van Hugten (Amsterdam, 26 novimber 1915 - dêre, 28 july 1993) wie in Nederlânsk akteur en sjonger dy't bekend waard ûnder de namme Herbert Joeks.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As bern hat Joeks al belangstelling foar toaniel en hy spilet yn syn jonkheid al gau rollen by it amateurtoaniel. Omdat er fan it amateurtoaniel net libje kin, waard er ferkeaper yn in moademagazyn. De besetting fan Nederlân troch Dútslân yn maaie 1940 docht him weromkommen nei syn âlde leafde; om oan de Arbeitseinsatz yn Dútslân te ûntkommen soe er by in kabaret wurkje. By it selskip Trianon dat ûnder lieding stie fan Dolly Dolores sjongt er Weenske lietsjes en hâldt konferênses. Mar syn nije karriêre duorre net lang; al gau moat er ûnderdûke.

Nei de befrijing hâldt Joeks foar fêst op mei it ferkeapjen fan klean. Rens van Dordt engagearret him foar syn revueselskip. Letter sjongt er by selskip fan Herman Tholen, Gerard Walden en Berry Kievits en by Faveur. Yn 1947 krijt er in fêst kontrakt by it Theater Plezier fan Floris Meslier, dêr't er trije jier wurke. Yn dyselde tiid treedt er ek in protte op foar de radio yn programma’s as De bonte dinsdagavondtrein, Mimoza en Negen heit de klok. As er yn 1951 opstapt by Meslier wurdt er troch de Snip en Snaprevue ynhierd. Yntusken komt de telefyzje ek op en yn 1955 sil Joeks wurkje by de fêste toanielkearn fan de NTS. Tusken 1955 en 1958 spilet er sa'n hûndert rollen yn ferskate produksjes.
As de toanielkearn yn 1958 ûntbûn wurdt giet Joeks fierder as freelancer.

Joeks spile tal fan inoar ûntrinnende rollen yn Nederlânske telefyzjeriges en spylfilms, mar waard fral bekend troch sy rol as de yndiaan Klukkluk yn de telefyzjerige Pipo de Clown. Ek los fan dy searje bliuwt Joeks Klukkluk spyljen, ûnder oare yn spesjale foarstellingen foar bern. Tusken 1974 en 1980 spilet er noch yn it revueselskip fan Coos van de Velde.

Hy stoar 77 jier âld yn it Antoni van Leeuwenhoek Sikehûs yn Amsterdam.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1953 Sterren Stralen Overal Begraffenisûndernimmer
1955 Het wonderlijke leven van Willem Parel Direkteur fan Radio-omrop "De Windwijzer"
1958 Fanfare Koendering
1960 De zaak M.P. Fotograaf
1975 Pipo en de piraten van toen Klukkluk
1982 De Boezemvriend Pasjint
Telefyzjesearjes
1957 Pension Hommeles Pensiongast dhr. Bloem
1958 Pipo de Clown Klukkluk
1960 Bas Boterbloem
1962 De Avonturen van Okkie Trooy Loki Loki
1968 Het Dagboek van Joop ter Heul Fotograaf
1969 Tot de dood ons scheidt Amtner
1972 Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? Wjirm Ubag
1973 Swiebertje Hendrik Kleun
1977 Hollands Glorie Deagraver Bongerds
1978 Laden maar Van der Lat
1987 Familie Oudenrijn Menear van Tongeren
1991 Medisch Centrum West pasjint

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]