Springe nei ynhâld

De Avonturen van Okkie Trooy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Okkie Trooy)

De Avonturen van Okkie Trooy wie in telefyzjerige dy't útstjoerd waard troch de AVRO yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw.

De haadpersoan wie Okkie Trooy, in útfiner, dy't feitlik as iennichste útfining in kofferke hat dat, at hy it sels iepen makket, fol sit mei krintepofkes, mar at in oar it kofferke iepen makket is it leech. Mei syn assistint Nono en húshâldster Rozemarijntje wennet Okkie Trooy yn it doarpke Kukelton. Op in dei wurdt er tegearre mei Nono op tsjustere wize nei de planeet Fabelonië flitst. De iennige dy't har' helpe kin werom te gean nei Kukelton is de Geheimzinnige Ips. Op 'e siik nei de Geheimzinnige Ips meitsje Nono en Okkiein in soad omswalkjen moetsje se bysûndere Fabeloniërs en belibje se spannende aventoeren. Sa hawwe se in moeting mei Keninginne Fifi dy't wat frjemd is en komme se yn 'e kunde mei in wol hiel betsjoenende Loki-Loki. Op it lêst fine se de Geheimzinnige Ips. As se op 'e nij op aventoer geane krije se te meitsjen mei de Floepmasine.

Der binne totaal 27 ôfleverings west en de searje rûn fan 29 septimber 1962 - 9 maaie 1964. It ferhaal wie fan Henk M. Meijer jr.

Seizoen Ofleveringen Utstjoeringen
1 18 29 septimber 1962 - 8 juny 1963
2 9 28 septimber 1963 - 9 maaie 1964