Brendan Behan
Brendan Behan | ||
skriuwer | ||
Brendan Behan (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Brendan Francis Aidan Behan | |
nasjonaliteit | Iersk | |
berne | 9 febrewaris 1923 | |
berteplak | Dublin | |
stoarn | 20 maart 1964 (41 jier) | |
stjerplak | Dublin | |
wurk | ||
taal | Iersk-Gaelysk, Ingelsk | |
sjenre | Dichter, romanskriuwer, toanielskriuwer | |
bekendste wurk(en) |
The Quare Fellow, The Hostage, Borstal Boy | |
jierren aktyf | 1942–1964 |
Brendan Behan (Dublin, 9 febrewaris 1923 – dêre, 20 maart 1964) wie in Iersk dichter, skriuwer fan koarte ferhalen, romans en toanielstikken. Hy skreau yn it Iersk-Gaelysk en yn it Ingelsk. Hy wurdt beskôge as ien fan de Ierske toanielskriuwer mei it measte súkses fan de 20e iuw. Hy wie ek in Iersk republikein en frijwilliger yn it Iersk Republikeinsk Leger (IRA).
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behan waard berne yn de binnenstêd fan Dublin, yn in ûntwikkele arbeidershúshâlding. Sy wennen yn it hûs fan syn beppe, dy’t in oantal hierhuzen yn de stêd besiet. Heit Stephen Behan, in hûsskilder, hie meidien yn de Ierske ûnôfhinklikheidsstriid en lies de bern foar út literêr wurk fan Ierske skriuwers, en mem naam harren mei op literêre kuiertochten troch Dublin. Behan syn omke, Peadar Kearney, skreau Amhrán na bhFiann, it Ierske folksliet. Mei trettjin jier gie Behan fan skoalle en waard hûsskilder lykas syn heit. Doe skreau er ek al wol.
Republikein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1937 ferhuze de famylje nei in nije wyk yn Crumlin. Dêr waard Behan lid fan Fianna Eireann, de jeugdbeweging fan de IRA, en hy publisearre syn earste gedichten en proaza yn it blêd fan de partij, Fianna: the voice of Young Ireland. Yn 1939 waard er oanholden yn Liverpool fanwege it besit fan eksplosiven ornearre foar in IRA-kampanje. Hy krige trije jier en waard fêstset yn de finzenis fan Borstal (Kent, Ingelân) en gie earst yn 1941 werom nei Ierlân. Yn 1942 waard er ferfolge foar in oanslach op twa plysjeofsieren en krige 14 jier sel. Hy bedarre yn de Mountjoy Prison, en letter yn it Curragh Ynternearings Kamp. Hy kaam lykwols yn 1946 al frij ûnder in algemiene amnesty foar republikeinske finzenen. Yn 1947 siet er in skoftke fêst yn de finzenis fanzat Manchester omdat in oare republikein by in ûntsnapping út de finzenis holpen hie.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behan syn ûnderfiningen mei it libben yn de finzenis steane sintraal yn syn skriuwerij. Yn Mountjoy skreau er syn earste toanielstik, The Landlady, en makke er koarte ferhalen en oar proza. Guon wurk waard publisearre yn it wichtige Ierske literêre tydskrift The Bell. It Iersk learde er ek yn de finzenis en neidat er frij kaam, yn 1946, hâlde er in skoft ta yn de Gaeltacht yn Galway en Kerry; dêr wie it dat er yn it Iersk begûn te skriuwen. Dêrnei ferruile er, begjin jierren 50, Ierlân mei al syn sosjale druk en kontrôle foar Parys. Dêr fielde er him frij om de keunstner yn himsels de romte te jaan. Hy kaam troch de tiid mei it skriuwen fan pornografy en waard dêr ek in swiere drinker.
Ek noch begjin jierren 50 arbeide er as skriuwer foar radio en kranten (The Irish Times) en wie er al bekend as something of a character yn de strjitten en literêre rûnten fan Dublin. It publyk seach him ek graach sa: it romantyske byld fan artistike rânefiguer, en Brehan kaam har yn 'e mjitte.
It toanielstik The Quare Fellow, basearre op syn finzenisûnderfinings, betsjutte syn grutte trochbrekken yn 1954. It stik waard seis moannen lang opfierd yn it Pike teater yn Dublin. Yn maaie 1956 iepene it stik yn it Theatre Royal yn Stratford, Ingelân, en brocht de Behan ynternasjonale ferneamden. Yn 1957 waard syn Ierske stik An Giall (De gizeler) útfierd yn itopgevoerd in het Damer Theatre en waard ek syn autobiografy The Borstal Boy útbrocht.
Yn 1955 troude Behan mei Beatrice ffrench-Salkeld, in skilderesse en in dochter fan in bekende keunstner út Dublin, Cecil Salkeld.
Lêste jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behan wist net goed hoe’t er mei de ferneamdens om gean moast. Hy wie al lang in swiere drinker (hy hat himsels wolris omskreaun as in drinker mei in skriuwprobleem en ferklearre "I only drink on two occasions -- when I'm thirsty and when I'm not") en krige te lijen fan sûkersykte yn de iere jierren 60. Dat late ta in rige wreed ferneamde dronken publike optredens, sawol op it poadium as op telefyzje. Utjouwers en publyk krigen har nocht fan syn hâlden en dragen. Nei 1957 waarden der boeken útbrocht dy’t of earst op kassette ynsprutsen wiene, of dy’t al folle earder skreaun wiene. Behan stoar yn in sikehûs yn Dublin, nei’t er yn in kafee ynelkoarsakke wie, yn 1964. Hy waard beïerdige op it Glasnevinbegraafplak.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toanielstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Quare Fellow (1954)
- An Giall (1958), De gizeler (1958)
- Behan skreau it stik yn it Iersk en sette it oer yn 't Ingelsk
- Richard's Cork Leg (1972)
- Moving Out (ienakter, foar radio makke)
- A Garden Party (ienakter, foar radio makke)
- The Big House (1957, ienakter, foar radio makke)
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Borstal Boy (1958)
- Brendan Behan's Island (1962)
- Hold Your Hour and Have Another (1963)
- Brendan Behan's New York (1964)
- Confessions of an Irish Rebel (1965)
- The Scarperer (1966)
- After The Wake: Twenty-One Prose Works Including Previously Unpublished Material (postúm - 1981)
Lieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brendan Behan Sings Irish Folksongs and Ballads, Spoken Arts Records SAC760 (1985)
- The Auld Triangle ferskynde op it album fan Bert Jansch (2006), The Black Swan (Bert Jansch album)
- The Auld Triangle Live optreden by The Bleeding Irish
- The Captain and the Kings
Biografyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brendan Behan - A Life troch Michael O'Sullivan
- My Brother Brendan troch syn broer Dominic Behan
- Brendan Behan troch Ulick O'Connor
- The Brothers Behan troch Brian Behan
- With Brendan Behan troch Peter Arthurs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |