Henry David Thoreau
Henry David Thoreau (Concord, 12 july 1817 - dêre, 6 maaie 1862) wie in Amerikaansk skriuwer en filosoof. Hy is yn it earste plak ferneamd wurden om syn Walden, dêr't er syn ûnderfinings mei it neistribjen fan in ienfâldige libbensstyl. Hy hat ek in ferneamd essay skreaun oer boargerlike oerhearrigens (civil disobedience). Thoreau wie aktivist tsjin de slavernij, foar it behâld fan wyldernis, en guonts beskôgje him as in pasifist.
Thoreaus filosofy slacht foar in part op de ferhâlding tusken minske en natuer. Hy wie belutsen by it transendintalisme, in filosofyske streaming dy't ek oanhinge waard troch syn freon Ralph Waldo Emerson.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thoreau waard berne as soan fan in potleadfabrikant yn Concord, in plak sa'n 30 kilometer bewesten Boston, yn Massachusetts. Yn 1837 studearre er ôf oan de Universiteit Harvard, mar syn diploma hat er nea ophelle: hy wegere te beteljen foar in 'stikje papier'. Nei de stúdzje wie Thoreau in skoft dosint. Dêrnjonken skreau er ûnder oaren essays en gedichten foar it tydskrift The Dial. Yn 1838 stifte er tegearre mei syn broer in priveeskoalle. Thoreau krige 1841 kunde oan Ralph Waldo Emerson, de dichter, oanhinger fan it unitarisme en filosoof dy't jildt as stifter fan it Amerikaansk transendintalisme. Thoreau krige sadwaande fuort kontakt mei in grutte rûnte fan Amerikaanske tinkers en dichters. De dea fan syn broer yn 1842 hat him bot rekke. Guonts tinke dat dat barren ynfloed hawwe kind hat op it feit dat er lang by syn âlden yn 'e hûs bleaun is en nea troud west hat.
Op 4 july 1845 sette Thoreau útein mei in eksperimint om ienfâdich te libjen dat twa jier duorje soe. Hy sette him nei wenjen yn in selsboud hûske yn de bosk oan de igge fan de Waldenmar (Walden Pond), in pear kilometers fan syn famylje en kunde yn Concord. Op 6 septimber 1847 feliet er Walden en gie er by syn freon en mentor Ralph Waldo Emerson en syn famylje yn. Thoreau wegere 1846 om belesting te beteljen, omdat hy tsjinstanner fan de oarloch tusken de Feriene Steaten en Meksiko wie[1] en as protest tsjin de slavernij. Hy waard dêrfoar letter in skoft fêstset, oars troch syn freon Sam Staples, dy't belestingûntfanger wie. Tegearre mei Abraham Lincoln wie hy de iennige Amerikaan dêr't fan witten is dat er tsjin de kriich wie. Hy hat it barren beskreaun yn de populêre ferhanneling Civil Disobedience ('Boargerlike Oerhearrigens'), in geskrift dat letter ûnder oaren Leo Tolstoy, Mahatma Gandhi en Martin Luther King ynspirearre hat.
Yn 1854 publisearret hy Walden; or, Life in the Woods; dêryn ferhellet hy oer de twa jier en twa moannen dy't er oan de Waldenmar trochbrocht hie. It boek beskriuwt it barren as hie it ien jier duorre. De seizoenen hawwe ek in synmboalyske funksje yn it wurk. Walden is foar in part memoires, hat in soad feitlike ynformaasje oer de natuer om de mar, mar in protte fan de ynhâld kin ek synboalysk opfette wurde. Thoreau hat der njoggen jier oer dien om it boek te skriuwen. De Nederlânske arts Frederik van Eeden, dy't 1898 by Bussum de koloanje Walden oprjochte hie, joech it boek fan Thoreau yn 1894 yn it Nederlânsk út, en skreau der in foarwurd foar.
Thoreau fertsjinne faak by troch it jaan fan lêzingen, die leanarbeid by oaren en wurke yn it potleadfabryk fan syn famylje. Hy fûn in masine út dy't de fabrikaazje fan potloden effisjinter makke. Letter ferboude hy it fabryk om grafyt te produsearjen foar it gebrûk yn setmasines.
Nei 1850 waard hy lânmjitter en skreau natuerobservaasjes yn it 67 km² goa om Concord hinne. Syn waarnimmingen binne beskreaun yn sy deiboek, in geskrift fan twa miljoen wurden dat er 24 jier lang byhold. Hy makke reizen nei Kanada, Cape Cod en Maine; wat in ynspiraasje woe foar syn A Yankee in Canada, Cape Cod en The Maine Woods. It binne reisboeken dêr't er ek syn tinken op it mêd fan ierdrykskunde, skiednis en filosofy yn ûntfâldet.
Thoreau wurdt troch guon beskôge as de earste Europeesk-Amerikaanske miljeu-aktivist. Hy hat oer ferskate ûnderwerpen skreaun dy't distiid as part fan de ekology beskôge wurden soene, sa as de ynteraksje tusken soarten planten en bisten. Hy wie ek as ien fan earsten foarstanner fan kuierjen en kanoën om frije tiid oan te besteegjen, it behâld fan natuer op eigen grûn en it yn stân hâlden fan wyldernis op publike grûn. Thoreau wie teffens ien fan de earste Amerikanen dy't de evolúsjeteory fan Charles Darwin oanhong.
Thoreau krige ek krityk op syn wurk en manier fan libjen. By syn libben waard er priizge troch de Ingelske skriuwer George Eliot, mar dy't yn de Westminster Review al sei dat Thoreau syn libbensstyl troch sommigen ûnhandich en dreamerich fûn wurde soe. De Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson wie ien fan dy lju; hy wie fan betinken dat Thoreau sy wize fan libjen ûnmanlik wie. Nei de publikaasje fan Thoreau syn deiboek yn 1906 belúne de krityk, omdat doe it grutte folume fan syn geskriften dúdlik waard. Tsjintwurdich wurdt Thoreau sjoen as ien fan de wichtichste Amerikaanske skriuwers, sawol troch de nijmoadrige heldere skriuwstyl as troch syn foarsizzingen op it mêd fan natuer en polityk.
Thoreau stoar oan tuberkuloaze yn syn berteplak Concord. Faaks wienen syn longen ferswakke rekke troch it ynheljen fan leadstof yn it grafytfabryk. Thoreau leit op it tsjerkhôf Sleepy Hollow yn Concord.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A Week on the Concord and Merrimac Rivers (1849)
- " Civil Disobedience" (1849)
- "Slavery in Massachusetts" (1854)
- Walden (1854)
- "A Plea for Captain John Brown" (1860)
- Excursions (1863)
- Life Without Principle
- The Maine Woods (1864)
- Cape Cod (1865)
- Early Spring in Massachusetts (1881)
- Summer (1884)
- Winter (1888)
- Autumn (1892)
- Miscellanies (1894)
- The Journal of Henry David Thoreau (1906)
Online teksten (Ingelsktalich)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Autumnal Tints - (op Wikisource).
- On the Duty of Civil Disobedience
- Civil Disobedience - (op Wikisource)
- The Highland Light - (op Wikisource)
- The Landlord - (op Wikisource)
- Life Without Principle - (op Wikisource)
- Night and Moonlight - (op Wikisource)
- A Plea for Captain John Brown
- Walden
- Walking - courtesy of Wikisource.
- Walking
- A Week on the Concord and Merrimack Rivers
- Wild Apples: The History of the Apple Tree
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Amerikaansk lânmjitter
- Amerikaansk filosoof
- Amerikaansk polityk skriuwer
- Amerikaansk deiboekskriuwer
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk dichter
- Amerikaansk minskerjochte-aktivist
- Amerikaansk pasifist
- Amerikaansk anargist
- Amerikaansk natoerbeskermer
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Persoan berne yn 1817
- Persoan stoarn yn 1862