Henny Orri
Henny Orri | ||
akteur | ||
Henny Orri (1982) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 juny 1925 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 4 jannewaris 2022 (96 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1955-2009 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Henriëtte Josephine (Henny) Orri (Amsterdam, 16 juny 1925 – dêre, 4 jannewaris 2022) wie in Nederlânsk aktrise. Se spile in soad dragende rollen by grutte toanielselskippen as Toneelgroep Centrum en Toneelgroep Theater.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Orri studearre yn 1947 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se spile de mem yn Een Bruid in de morgen fan Hugo Claus by de wrâldpremjêre dêrfan troch it Rotterdamsk Toaniel (1955) en de haadrollen yn De Meiden van Jean Genet (1962 ), Elektra fan Euripides (1965), Saint Joan fan George Bernard Shaw (1966) en Moeder Courage en haar kinderen fan Bertolt Brecht (1973).
Sy krige yn 1977 in Colombina foar Deuren fan J. Bernlef, ûnder rezjy fan Christiaan Nortier. Yn 1986 krige se de Theo d'Or foar har rol yn Wings fan Arthur Kopit. Ek yn de frije sektor krige se in soad sukses, lykas yn it op it libben fan Sarah Bernhardt basearre Memoires (1988). Orri spile ek yn Bert Haanstra syn film Dokter Pulder zaait papavers (1975).
Yn 1994 naam de Grande Dame Du Theatre offisjeel ôfskied fan it toaniel mei it troch har twadde man, regisseur Theo Kling, skreaun stik In de Hemel mag alles, in blijspul oer eutanasy. Seis jier letter stie sy lykwols wer op toaniel mei de solofoarstelling Rose fan Martin Sherman. Op Krystnacht 2008 lies se foar út it Evangeelje neffens Lukas yn de Grifformearde tsjerke fan Andyk dêr't se doe wenne. Yn 2009 stie sy, ûnderwilens 84 jier âld, tegearre mei har dochter Diane Lensink op de planken yn it stik Berm fan de debutearjende skriuwer Rik van den Bos.
Op 22 novimber 2015 ûntfong Orri de Blijvend Applaus Prijs. Op 20 jannewaris 2016 waard yn de Jos Brink-foyer fan de Stedsskouboarch Haarlim in búste fan har, makke troch de byldhouster Yvonne Zeylstra, ûntbleate.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henny Orri wie de jongste dochter fan Henri Joseph Orri (1889 -1969) en Neeltje Uijttenboogaard (1893 -1991). Har âldste suster Threes Orri (1915 -1993) wie muzykpedagoge. Fan 1948 oant 1954 wie Henny Orri troud mei akteur Ton Lensink (1922-1997) en fan 1956 oant syn dea yn 2018 mei akteur en regisseur Theo Kling (1930-2018). Ut har earste houlik hie se in dochter: aktrise Diane Lensink (1950-2012). Se wie de beppe fan akteur Matteo van der Grijn.
Orri ferstoar op 4 jannewaris 2022 yn de âldens fan 96 jier yn har wenning yn Amsterdam.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|