Springe nei ynhâld

Henk Stallinga

Ut Wikipedy
Henk Stallinga (2015)

Henk Stallinga (Tytsjerk, 25 septimber 1962) is in Nederlânsk yndustrieel ûntwerper en keunstner,[1]

Stallinga studearre yn 1993 ôf yn industrial design oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam en rjochte itselde jier Studio Stallinga op.

Stallinga syn wurk ferkend de grinzen fan design en byldzjende keunst; it wol in lykwicht tusken funksjonaliteit en ferbylding wêze. Syn wurk nûget en daget de brûker as sjogger út om it yndustrieel produkt mei oare eagen te besjen.

Stallinga krige ynternasjonale erkenning mei de Mondriaan-eksposysje fan 1995 yn it MoMa New York; yn it Garden Café[2] fan it MoMa wie wurk set fan Henk Stallinga, Joep van Lieshout en oaren.[3]

It wurk fan Stallinga wurdt ynternasjonaal wurdearre en is opnaam yn de permaninte kolleksjes fan:[4]

Stallinga syn wurk is fierder te finen yn tal fan partikuliere samlingen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bernd Polster (2006) The AZ of modern design. s. 463
  2. Parseberjocht oer de Mondriaan-útstalling
  3. Ellinoor Bergvelt. Van neorenaissance tot postmodernisme: hondervijfentwintig jaar Nederlandse interieurs, 1870-1995. Utjouwerij 010, 1996. s. 343.
  4. Artikel yn Metropolis
  5. Artikel oer Design yn The New York Times
  6. Work in the collection of the MoMA
  7. Henk Stallinga by Steds Museum Amsterdam
  8. Adrichem, J., de Roode, I.(2004) The Furniture Collection Stedelijk Museum Amsterdam. s. 354
  9. Park Bench by Henk Stallinga in the Art Collection of Achmea