Hendrik van Deventer
Hendrik van Deventer (Leien, 16 maart 1651 — Foarburch, 12 desimber 1724) wie in Nederlânsk ortopedist, gynekolooch en Labadist.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hendrik van Deventer wie de soan fan in learhanneler dy't yn 1653 nei De Haach ferfear. Hy waard feint by in goudsmid. Yn 1678, doe't er 17 jier wie, gie er út de hûs wei om him oan te sluten by de neifolgers fan Jean de Labadie.
Nei alle gedachten waard Hendrik troch de dokter fan dy sekte, in Walter, oantrune om by de Labadisten te gean.
Hendrik waard meast troch de praktyk sjirurgyn, mar ek troch selsstúdzje. Koart nei syn festiging yn Wiuwert begjint er al yn 1679 mei syn dokterspraktyk ûnder de Labadisten. Hendrik syn namme makket klank as genêshear, benammen as ortopedist wurdt er bekend.
Hy wie in spesjalist op it mêd fan rachitis (Ingelske sykte). Sels de Deensk-Noarske kening Kristiaan V (1670-1699) docht in berop op him foar behanneling fan himsels en syn bern en is tefreden. It slagget Hendrik van Deventer as autodidakt, dy't it Latyn net machtich is, om de doktorstitel te heljen yn Grins; mei dy titel foar syn namme kin er oeral yn Nederlân as dokter oan 'e gong. Langer yn Wiuwert bliuwe lake him net oan; syn royale honorarium ferdwynt yn de pong fan de Labadisten, dat syn bern soene neat erve at er dêr bliuwe soe.
Hendrik spesjalisearre him ek yn de ferloskunde. Hy woe him yn De Haach festigje, mar de Haachske dokters, feriene yn it Collegium Medicum, hawwe gjin ferlet fan konkurrinsje en litte Hendrik mei syn praktyk net ta "omdat er it Latyn net behearsket". Hendrik begjint in praktyk yn Voorburg en wurdt yn 1695 dochs noch erkend troch it Collegium.
Nei 1719 is Hendrik oer it hichtepunt fan syn rom hinne, syn frou is stoarn en ferskate fan syn tsien bern ek. Hy wurdt sjoen as ien fan de meast grutte genêshearen fan syn tiid. Hy wie net allinne bestrider fan de Ingelske sykte, mar fral ek in pionier op it mêd fan de ferloskunde. Oer syn meast wichtige publikaasje Manuale operatiën, zijnde een nieuw ligt voor vroedmeesters en vroedvrouwe is in soad oer te dwaan. Van Deventer lei de klam op de needsaak fan hygiëne by it bernjen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1696 - Dageraet der vroet-vrouwen
- 1701 - Manuale operatiën, yn 1701 ek útjûn yn it Latyn
- 1719 - Nader vertoog van de zware baringen
- 1739 - Beschrijving van de ziektens der beenderen