Springe nei ynhâld

Hendrik Spilman

Ut Wikipedy
Selsportret fan Hindrik Spilman mei Suzanna fan Bommel en twa dochters (Ryksmuseum Amsterdam)
Kastiel Beverweerd troch Hendrik Spilman

Hendrik Spilman (Amsterdam, 17 febrewaris 1721 - Haarlim, 3 febrewaris 1784) wie in Nederlânsk topografysk graveur, tekener en keunstskilder. Hy wie in learling fan Abraham de Haen (de jongere, 1707-1748).

Spilman wie yn 1742 registrearre by it Haarlimmer Sint-Lucasgilde. Der binne mar in pear skilderijen fan him bekend, wêrûnder in "Gezicht op de Korte Spaarne te Haarlem", dat yn it Haarlimske Frans Hals Museum hinget. Der binne wol in soad tekeningen fan him bewarre bleaun, dy't oantoane dat er it lân yngie om gebouwen en lânskippen te sketsen, dy't letter ta tekeningen útwurke waarden. In foarbyld is in sketsboek fan syn hân yn it Ryksmuseum Amsterdam dêr't 65 sketsen fan Noard-Brabânske doarpsgesichten en kastielen yn opnomd binne.

As syn wichtichste wurk wurde syn sketsen yn it topografyske wurk: Het Verheerlijkt Nederland beskôge. Dit by Isaac Tirion útjûne wurk besloech njoggen dielen. Foar acht dêrfan makke hy mei elkoar sa'n 800 gravueres. Hjirfoar brûkte hy eigen wurk, mar ek makke hy gravueres nei wurk fan Jan de Beyer, Cornelis Pronk, en Abraham de Haen. Ek it wurk fan Cornelis Ploos van Amstel foarme foar him in ynspiraasjeboarne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: