Springe nei ynhâld

Kastiel Beverweerd

Ut Wikipedy
Kastiel Beverweerd
Beverweerd troch Hendrik Spilman

Beverweerd is in fan oarsprong 13e-iuwsk kastiel, dat op it eilantsje lâns de Kromme Ryn by it doarp Werkhoven stiet. It kastiel is omjûn troch oanleine tunen, wêrby't de Kromme ryn in wichtige lânskiplike rol spilet. It kastiel stiet leech en is net tagonklik foar publyk. Yn de omlizzende tunen kin wannele wurde, wat in doed útsicht op it kastiel en de Kromme Ryn jout.

Kromme Ryn

De âldst bekende bewenner fan Beverweerd is ridder Zweder fan Zuylen. Yn 1563 erfde Filips Willem, de âldste soan fan Willem fan Oranje, Beverweerd; nei syn dea kaam it kastiel yn 1620 yn hannen fan syn healbroer Maurits, wêrnei't it mear as 150 jier yn hannen fan de familie Nassau bleau, dy't oars meast yn De Haach wenne. Yn 1782 kaam Beverweerd yn it besit fan de famylje fan Evert Frederik Baron fan Heeckeren fan Enghuizen, dêr't it oant 1908 bleau.

Yn 1958 waard it kastiel troch Lutgardis van Rechteren Limpburg, oarehelte fan Van Constantin Friedrich greve ta Castell-Castell, ferkocht oan de stichting foar Quakerskoallen yn Nederlân en waard it kasteel ferboud om it geskikt te meitsjen foar de fêstiging fan de 'Beverweert International School'.

It ryksmonumint hat in tsiental jierren leech stien, oant de Stichting Philadelphia Fegetarysk Sintrum út Oosterbeek it op 17 maaie 2005 kocht. De oerdracht wie yn septimber 2005. Op it terrein soenen soarchfoarsjennings en apparteminten setten wurde foar âldere fegetaarjers, de doelgroep fan Philadelphia Fegetarysk Sintrum. Anno 2009 wurdt it wurk troch jildkrapte stillein.

It âldste gedielte fan it kastiel (de rjochthoekige wentoer) komt út de 13e iuw. Rillegau hjirnei binne de súdlkike en westlike hoeketuorren oanboud. Yn de earste helte fan de 14e iuw waard tsjin de westtoer in fjouwerkant gebou delsetten, dat yn de 16e iuw ferlinge waard oant foarby de wentoer. It gebou waard yn de rin fan de tiid inkele kearen ferhege, wêrnei't yn de 17e iuw it âlde binnenplak tichtboud waard mei in langwerpige fleugel tusken de beide hoektuorren. Yn de njoggentjinde iuw waard it kastiel modernisearre yn neogoatyske styl door de Utertske arsjitekt Christiaan Kramm. Hjirby waard it in regelmjittich foarme lânhûs en waarden kantelen tafoege. Yn 1934 waard it measte fan de plasterlaach der ôfhelle.

Anna fan Egmont erfde fan har beppe Maria Bouchet de hearlikheid Beverweerd. Anna wie troud mei Willem fan Oranje; hja ferstoar op 25-jarige leeftiid.
Willem wertroude mei Anna fan Saksen en nei de dea fan harren soan Maurits yn 1625 erfde in bastertsoan fan Maurits, Loadewijk fan Nassau-Beverweerd de hearlikheid. Dizze famyljestaach wurdt de Nassau-Beverweerd-staach neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]