Springe nei ynhâld

Hendrik Edema van der Tuuk

Ut Wikipedy

Hendrik Edema van der Tuuk (Usquert, 6 septimber 1839 - Amsterdam 26 desimber 1914) wie in Nederlânsk predikant.

Van der Tuuk wie in soan fan Lambertus van der Tuuk en Derkje Tjaards Edema. Hy krige de foar- en efternamme fan in omke fan memmekant, Hindrik Edema. Van der Tuuk waard yn 1858 as studint godgeleardheid ynskreaun oan de Grinzer Hegeskoalle. Hy promovearre 1868 op in dissertaasje oer teolooch Johannes Bogerman. Hy stie as dûmny yn Noardwâlde (1868), Kimswert (1879) en Watergang (1884).[1] Hy wie mei ferantwurdlik foar de ûntjouwing fan rotanyndustry yn Noardwâlde. Hy helle in Dútske learmaster nei Nederlân om de minsken it meitsjen fan rotanstuollen te learen, oant dan makken sy allinne kuorkes.

Dr. Van der Tuuk boaske yn 1871 mei Ida Helena Junius (1848-1919), dochter fan dr. Franciscus Johannes Jacobus Albertus Junius en Anna Maria Titia Viëtor. Ien fan harren bern wie byldhouwer Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk.

Yn Noardwâlde is in strjitte nei Van der Tuuk neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J.G. Frederiks en F. Jos. van den Branden, Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde. L.J. Veen, Amsterdam 1888-1891