Springe nei ynhâld

Heemstrastate (Eanjum)

Ut Wikipedy
Pleats yn 2010

Heemstrastate, ek wol Hiemstrastate wie in stins en letter state yn Jewier, in terpbuorskip beëasten Eanjum, gemeente Dongeradiel. Fan de stins is neat werom te finen, op it steed stiet no in pleats.

Oer it ûntstean is neat bekend likemin as fan aadlike bewenning. Der lei wol in stinswier en der binne fûneminten oantroffen. De namme Heemstra kaam yn 1511 al foar. De namme wie ûntliend oan de eigeners, de pachter Peter Heemstra waard op syn beurt nei it guod neamd. Yn 1640 hiet it Hiemstrastate. De stins is grif al foar 1500 ferdwûn.

Eigeners wienen yn 1511 Take en Menke Heemstra. De troch harren ferpachte sate wie doe 68 pûnsmiet grut. Yn 1640 wie Hiemstrastate 74 pûnsmiet grut en eigendom fan de grytman Johan Onuphrius frijhear 'thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg' op Holdingastate en Sybe Thomas brûker fan de byhearrende pleats. Yn 1698 wie Wilco Holdinga baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, Frij- en Erfhear fan It Amelân, eigener en Reytse Sapis brûker fan de 75 pûnsmiet (27,5 ha) grutte pleats dy't doe belêste wie mei 24 floreen. Yn 1728 is Cornelis fan Aylva, hear fan Waardenburg en Neerijnen eigener út namme fan syn frou. Hy wie troud mei Juliana Agatha baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dochter fan boppeneamde Wilco Holdinga en Fedt Sophia fan Goslinga. Cornelis waard yn 1701 grytman fan Wûnseradiel en se wennen op Wybrandastate yn Hichtum. Heemstrastate waard ferpachte oan de erfgenamten fan Reytse Sapes, de foarige pachter. Yn 1832 wie it eigendom fan de erfgenamten fan jonker Ulbo fan Burmania.

Yn april 2010 stie de pleats te keap mei (op ynternet) de tekst: Een juweeltje in Friesland! Zeer fraai gelegen, op een van de mooiste plekken van Friesland, nabij diverse voorzieningen ligt deze schitterende kop-hals-romp boerderij 'Heemstra State' op een royaal perceel van ca. 1,1 ha. De fraaie rietgedekte woonboerderij is vrijwel geheel gerestaureerd met hoogwaardige en duurzame materialen, karakteristieke eigenschappen zoals de hergebruikte "kloostermoppen" en de muurankers zijn bij de restauratie behouden gebleven.

Op de kaarten fan Vegelin, Eekhoff en Halbertsma is in stinswier oanjûn op in lyts perseeltsje direkt beëasten tsjin de hûspleats oan. Dy waard yn 1961 ôfgroeven. Doe kaam in 22 meter lange muorre foar it ljocht fan tsjok oardel meter dik, besteande út fannijs brûkte kleastermoppen fan 30x15x8 sm. Fan Heemstrastate en de wier besteane gjin âlde ôfbylden. De stinswier komt foar it earst op de kaart fan Vegelin (1739) foar.

  • 1511 Take en Menke Heemstra
  • 1640 Johan Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
  • 1698 Wilco Holdinga baron thoe Schwarzenberg en Hohelansberg
  • 1728 Cornelis van Aylva út namme fan syn frou
  • 1832 Ulbo van Burmania erven

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis